Nederlân rint finale mis op mingde ôflossing nei fal Schulting

It Nederlânske mingde ôflossingsteam mei Suzanne Schulting, Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat hat sneon de olympyske finale net helle. Schulting gie yn de heale finale ûnderút.
De fal fan Suzanne Schulting © Orange Pictures
It ûnderdiel stiet by de Olympyske Spelen fan Peking foar it earst op it programma. Neist de trije Friezen behearre ek Xandra Velzeboer, Selma Poutsma en Jens van 't Wout ta de olympyske seleksje.

Súd-Korea betiid útskeakele

Yn de kwartfinale begûn bûnscoach Jeroen Otter mei Schulting, De Laat, Velzeboer en Van 't Wout. Dy hiene gjin inkelde muoite mei Kanada, Frankryk en Kazakstan. Yn in flaterleaze rit kamen se as earste oer de streek.
Wrâldrekôrhâlder Súd-Korea oerlibbe de kwartfinale nei in fal net.

Schulting ûnderút

Velzeboer en De Laat moasten yn de heale finale plakmeitsje foar respektyflik Poutsma en Knegt. Mei opnij Kanada en Kazakstan as opponinten wie allinnich Italië in nije tsjinstanner yn dizze race.
Sa flaterleas as de earste rit wie, safolle pech hie Nederlân yn de heale finale. Schulting ferlear al betiid yn de race har grip en gie dêrtroch ûnderút. De efterstân wie dêrnei fierstente grut om noch te oerbrêgjen.
Kanada en Italië gienen wol troch nei de finale.
Suzanne Schulting en Xandra Velzeboer © Orange Pictures
Nederlân wie feroardiele ta de B-finale. Dêryn is noch in hiel lytse kâns op in medalje, as oare lannen yn de finale diskwalifisearre wurde.
Kazakstan wie yn dy B-finale foar de tredde kear tsjinstanner fan Nederlân. Dit kear as iennige. Mei grutte ôfstân wie Nederlân, yn deselde opstelling as yn de heale finale, ek no wer flugger. Dêrmei waard op syn minst in fiifde plak feilichsteld.

Thúslân wint

Twa diskwalifikaasjes wiene nedich foar in Nederlânske medalje, mar der kaam mar ien. Foar Kanada. De finale waard wûn troch thúslân Sina. It sulver wie foar Italië en it brûns gie nei Hongarije.
Schulting, De Laat en Knegt moasten tefreden wêze mei it fjirde plak.
Suzanne Schulting © Orange Pictures
Earder op de dei stiene der by de froulju de heats op de 500 op it programma. Dêryn pleatste Schulting har foar de kwartfinale fan de 500 meter.
De Friezinne wie yn har heat tsjin de Kanadeeske Alyson Charles, de Italiaanske Arianna Valcepina en de Russyske Jekaterina Jefremenkova mei oermacht de bêste. Mei 42.379 ried se ek in nij olympysk rekôr.
Ek de oare Nederlânske dielnimsters, Poutsma en Velzeboer, pleatsten harren foar de kwartfinales op moandei.

De Laat út balâns

De manlju begûnen de Spelen mei de heats op de 1.000 meter. De Laat kaam yn de earste heat as tredde oer de streek, mar waard dochs trochlitten nei de kwartfinale.
De Ljouwerter waard yn de lêste ronde, wylst er op it twadde plak ried, oantikt troch de Brit Niall Treacy. Dêrtroch rekke er út balâns, seach ek de sjuery.
Sjinkie Knegt yn syn heat op it twadde plak © Orange Pictures
Knegt fan Bantegea gie gewoan op reguliere wize nei de kwartfinale. De 32-jierrige shorttracker waard yn syn heat twadde efter Hwang Dae-heon.
De oare Nederlânske dielnimmer, Van 't Wout, waard yn syn heat tredde en waard dus útskeakele.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temapagina. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.