Trije sterkhâlders werom yn basis SC Cambuur

Alex Bangura, Mees Hoedemakers en Issa Kallon starte sneon yn de wedstriid tsjin FC Utrecht yn de basis by SC Cambuur. It trijetal miste de lêste wedstrid(en) troch útinoarrinnende oarsaken.
Assistint-trainer Pascal Bosschaart oer de ûnrêst mei transfers:
Yn fergeliking mei de lêste kompetysjewedstriid fan Cambuur betsjut it dat Mitchel Paulissen en Nick Doodeman harren basisplak ferlieze oan Mees Hoedemakers en Issa Kallon. Alex Bangura komt tsjin FC Utrecht werom fan in skorsing, wêrtroch't Sekou Sylla wer op de bank sit.
Calvin Mac-Intosch is noch in lyts twivelgefal, mar assistint-trainer Pascal Bosschaart ferwachtet dat de sintrale ferdigener gewoan meidwaan kin. Oars is Marco Tol syn ferfanger.

Corona

Corona giet, lykas yn de hiele maatskippij, ek rûn yn de Ljouwerter klaaikeamer. Paulissen en Gullit sitte yn karantêne en binne der sneon net by. "Je weet nooit wat die jongens privé doen", seit Bosschaart. "We doen er alles aan om het buiten de deur te houden. Laten we hopen dat het hierbij blijft."
De wedstriid tusken FC Utrecht en SC Cambuur begjint sneontemiddei om healweis fiven. Fanút De Galgenwaard docht sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar fan it duel, dat live te folgjen is yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân.
Sels hat de assistint-trainer ôfrûne wike ek corona hân. Hy hie it behoarlik te pakken en lei dagen op bêd. Freed wie Bosschaart wer yn it Cambuur Stadion en tsjin FC Utrecht is hy der dus ek gewoan wer by.
Mees Hoedemakers is werom nei in ankelblessuere:
It wie oan it begjin fan de wike ûnrêstich oangeande twa spilers fan Cambuur, dy't in transfer meitsje koene. Hoedemakers koe nei it Deenske FC Midtjylland en Kallon nei it Turkse Konyaspor. De transfers giene lykwols net troch en beiden meitsje it seizoen ôf yn Ljouwert.
Neffens Bosschaart is de rêst no werom. "Die jongens zijn volledig met Cambuur bezig. Wij zijn heel blij dat we deze jongens binnenboord hebben gehouden", seit de assistint-trainer, dy't ek op it fjild Hoedemakers werom hat fan in ankelblessuere.

Opnij it ankel

"Ik ben blij dat ik weer terug ben", seit de middenfjilder, dy't de lêste twa kompetysjewedstriden misse moast. Hy rekke op 'e nij blessearre oan it ankel. Yn desimber lei Hoedemakers der ek al efkes út mei in blessuere oan datselde ankel.
Mees Hoedemakers tegen Heracles © Orange Pictures
"Het was een ongelukkig moment, maar het is wel een feit dat als ik geblesseerd ben, het aan mijn enkel is." Yn oerlis mei de medyske stêf is Hoedemakers dêrmei oan de slach gien. "Ik heb met de fysio's een programmaatje gemaakt om elke dag te doen. Om de enkel sterk en stabiel te houden."
Njonken de opknapte spilers hie Cambuur mear goed nijs freed. It ôfrinnende kontrakt fan Michael Breij is mei twa jier ferlinge. Hy leit no fêst oant en mei 2024.
Moarn mear by Omrop Fryslân oer de hektyske lêste dagen fan de transferperioade by SC Cambuur.