Ole Tobiasen makket seizoen ôf as ynterim-trainer by sc Hearrenfean

Ole Tobiasen makket it seizoen ôf as ynterim-haadtrainer fan Sportklup Hearrenfean. Hy is de opfolger fan Johnny Jansen, dy't koartlyn dien krige.
Ole Tobiasen © Orange Pictures
Tobiasen (46) wurket sûnt ôfrûne simmer yn Fryslân, earst as assistint-trainer. Hjirfoar wie er haadtrainer by Almere City. Tobiasen spile tusken 1995 en 1997 foar Hearrenfean.
De Deen wurdt de rest fan dit seizoen assistearre troch assistint-trainers Peter Reekers en Jeffrey Talan en keeperstrainer Ruud Hesp. Talan wie de ôfrûne moannen wurksum as transysjecoach, mar komt no werom op de bank.

Trije opsjes

"Na het vertrek van Johnny hadden we drie opties", seit technysk manager Ferry de Haan. "Het aanstellen van een interim-trainer van buitenaf, het direct contracteren van een trainer voor de lange termijn of het seizoen afmaken met de huidige technische staf."
Ferry de Haan oer it beslút om foar Tobiasen te kiezen:
"Wij denken dat de laatste oplossing het beste is en dat de staf met Ole, Peter, Jeffrey en Ruud elkaar goed aanvult. Het is goed dat we nu snel duidelijkheid kunnen verschaffen aan de staf en de groep. Wij hebben er alle vertrouwen in dat zij dit seizoen samen tot een zo goed mogelijk einde kunnen brengen."
Foar takom seizoen hat Hearrenfean noch gjin nije trainer.