Fryske NOS-korrespondint yn Sina live út byld helle troch bewaker

De Feanster sjoernalist Sjoerd den Daas, korrespondint fan de NOS yn Sina, is yn in livepetear op telefyzje troch in bewaker út byld lutsen. Dat barde flak foar de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spelen.
Sjoch hjir nei it fragmint:
Yn in foarútsjoch op de Spelen skeakele Hilversum mei Den Daas, dy't op strjitte stie yn Peking. Hy soe fertelle hoe't de iepeningsseremoanje fan de Spelen derút sjen soe. Noch foar't er syn earste wurden útsprutsen hie, kaam in bewaker yn byld dy't de Fries fuortluts.
Den Daas bliuwt yn de kamera sjen en besiket de bewaker yn it Sineesk út te lizzen dat er live op telefyzje is, mar dy hat dêr gjin boadskip oan. "We worden hier weggetrokken, je merkt het al", seit Den Daas tsjin presintatrise Saïda Maggé. "We zijn net ook al bij een ander gebied weggezet. Ik vrees dat we later bij je moeten terugkomen."
Helaas is dit steeds vaker de dagelijkse realiteit voor journalisten in China.
De NOS yn in reaksje
De ferbining wurdt ferbrutsen en net folle letter kin Den Daas yndie syn ferhaal ôfmeitsje. "Helaas is dit steeds vaker de dagelijkse realiteit voor journalisten in China", meldt de NOS op Twitter. Den Daas is fierder yn oarder.
Sjoerd den Daas yn syn eardere wenplak It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Foar de Spelen melde de NOS ek al dat se "passende maatregelen" nimme soenen om foar te kommen dat de Sineeske 'spyware' ynformaasje fan de laptops en telefoans fan de sjoernalisten helje soe.