GGD oer oprinnend tal besmettingen: "Se geane noch wol wat mear omheech"

De pyk yn it tal besmettingen is noch net berikt. Dat ferwachtet GGD-direkteur Margreet de Graaf. Yn de ôfrûne wike hawwe 14.458 Friezen posityf test op it coronafirus. In wike earder gie it om 9.366 besmettingen. It oantal is dus mei 65 persint tanommen.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
"Se geane noch wol wat mear omheech", seit De Graaf. De grutste stiging yn it tal besmettingen wie ôfrûne wike te sjen yn de leeftiidsgroep 40 oant 50 jier. "It wie earst fan tolve oant achttjin jier hieltyd heech. Watst no sjochst, is dat it tanimt yn de leeftiid 40 oant 50. Wierskynlik binne dat de âlden fan bern dy't earder posityf wienen."

'Stoarmrin'

GGD Fryslân skriuwt fan in 'stoarmrin' op de faksinaasjelokaasje yn Ljouwert, no't bekend wurden is dat de QR-koade mar beheind jildich is nei de lêste prik. It faksinaasjebewiis is oant 270 dagen nei de lêste prik jildich en it werstelbewiis oant 180 dagen nei de positive test. Foar de boosterprik is noch net in termyn fêststeld.
Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân
De GGD jout oan de kommende dagen safolle mooglik op te skalen om it ferlet yn 'e mjitte te kommen. "Moarn iepenje wy Ljouwert wer mei ekstra kapasiteit, dan kinne wy dy lange wachttiden foarkomme", seit De Graaf.
Minsken fiele harren nei it heljen fan in booster faak wer feiliger, mar De Graaf leit út dat de prik net altyd 100 persint wurket. "It is altyd oer de grutte groep hinne goed om te faksinearjen en te boosterjen. En is it sa dat jongerein minder risiko rint as âlderein. Mar foar in yndividu kin it oars wêze."