Omrop Olympic: sa folgesto de Olympyske Spelen by Omrop Fryslân

De Olympyske Spelen begjinne hast. Wat kin Sven Kramer by syn 'Last Dance'? En wurdt Suzanne Schulting de keninginne by de shorttrack? Omrop Fryslân hâldt de Fryske sporters twa wiken skerp yn 'e gaten en bringt alle ûntwikkelingen.
© Omrop Fryslân
Op radio en telefyzje soarget Omrop Fryslân foar ferslach en reportaazjes mei dêryn de Fryske olympyske sporters sintraal. We bringe net inkeld de hichtepunten en de medaljes mar ek eftergrûnferhalen mei it thúsfront.

Omrop Fryslân-analisten Letitia de Jong en Daan Breeuwsma

Op radio wurdt de hiele dei ferslach dien fan de Olympyske Spelen: by it reedriden troch Andor Faber en by it shorttracken troch Roelof de Vries.
Sy dogge dat net allinne, want alle dagen sit der in ko-kommentator by. It analisteteam bestiet út (âld-)reedriders Letitia de Jong, Jesper Hospes en Arjan Stroetinga, en shorttrackers Daan Breeuwsma en Jasper Brunsmann.
Alles is te folgjen yn de besteande radioprogrammearring, want as it nedich is, brekke de kommentatoaren gewoan yn.

Spanning fan it thúsfront

Mei it each op de strange coronamaatregels kin it thúsfront net mei ôfreizgje nei Peking. Hoe fergiet it harren thús foar de telefyzje?
Omrop Fryslân is der by op it moment suprême om dat te folgjen en fêst te lizzen. Sa sitte we op de bank by de heit en mem fan Femke Kok en geane we del by de pake en beppe fan Antoinette en Michelle de Jong. De reportaazjes binne te sjen yn Fryslân Hjoed en op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
Witte wannear't de Fryske sporters yn aksje komme en hoe heech Fryslân stiet op de medaljespegel? Sjoch op Omropfryslan.nl/os.