Liveblog | 4 febrewaris 2022

Coronanijs 4 febrewaris: booster foar jongeren net nedich

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne freed 745 nije coronabesmettingen meld;
  • It tal besmettingen en sikehûsopnames yn Fryslân geane rap omheech;
  • Neffens de Sûnensrie is it net nedich om jongeren tusken de 12 en 17 jier in boosterprik te jaan;
  • It draachflak foar de coronamaatregels nimt fierder ôf, docht bliken út ûndersyk fan it RIVM en GGD GHOR.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 4 febrewaris 2022, 17:57
21:40

Oant moarn

We slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
17:55

Drok by faksinaasjelokaasjes

16:50

'Doarpsbrûsdei' om doarpshûzen oerein te hâlden

Stichting Doarpswurk wol dat der op 12 maart yn safolle mooglik doarpshûzen wat te belibjen is. Troch de coronakrisis is der by de doarpshûzen hast hielendal gjin jild ynkaam, wylst bygelyks de enerzjyrekken wol betelle wurde moast.
Mei de saneamde 'Doarpsbrûsdei' hopet Doarpswurk de finansjele pine wat te ferljochtsjen, want "As it sa trochgiet, dan komt 40 prosint fan de doarpshûzen dit jier yn de problemen", seit Theo Andreae fan de stichting.
Andreae tinkt oan in dei mei sport- en spul, mei bygelyks in fytstochtsje by doarpshûzen del, mar der kinne fansels ek allegear oare aktiviteiten betocht wurde. Dêrby moatte minsken de coronamaatregelen yn de gaten hâlde, mar "Wy tinke dat we benammen sjen moatte nei wat wol kin, yn stee fan wat net kin", seit Andreae.
Theo Andreae fan Doarpswurk
16:20

Cambuurspilers yn karantêne

Fuotbalklup Cambuur kin sneon by de wedstriid tsjin FC Utrecht net beskikke oer Mitchel Paulissen en Maxim Gullit. Beide fuotballers sitte yn karantêne. Assistint-trainer Pascal Bosschaart hat ôfrûne wike ek corona hân. Hy hie it behoarlik te pakken en lei dagen op bêd. Bosschaart is der tsjin Utrecht wol wer by.
15:57

Takom wike plan foar corona-oanpak

Minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers sil takom wike in plan presintearje oer de corona-oanpak dy't hy foar de winter en it foarjier foar eagen hat. Letter komt hy ek mei in fisy op de lange termyn. Neffens him moat de mienskip him tariede op in situaasje wêrby't it firus op 'e nij opdûkt en bestriden wurde moat.
Kuipers' útgongspunt is om de soarch sa folle as mooglik iepen te hâlden en 'hurde maatregels', lykas lockdowns sa folle as mooglik foar te kommen.
15:15

745 nije coronabesmettingen, lanlik 72.162

Der binne freed 745 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân. Tongersdei wienen dit der noch 2.569.
Lanlik binne der 72.162 nije coronagefallen fêststeld. Ek dat is flink minder as de 82.961 fan in dei earder.
De efterstân by it registrearjen fan de positive coronatesten rint fierder op. Dy efterstân bedraacht no 124.000.