Wyksifers: tal besmettingen en sikehûsopnames flink omheech

It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 14.458 positive coronatests registrearre by Friezen. Dat is opnij in flinke taname ferlike mei in wike earder (9.473). Ek it tal sikehûsopnames gong dizze wike rap omheech.
In GGD-meiwurker fiert in coronatest út © ANP
Wat it werklike tal positive tests is, is net dúdlik: it RIVM hat al mear as twa wiken in efterstân by it registrearjen fan de besmettingen.
De efterstân yn it registrearjen fan de positive tests is lanlik sa'n 113.000. It systeem rint fertraging op troch it hege tal meldingen dat by de ferskate GGD'en binnenkomt. It slagget se dêrom net om alles op tiid troch te jaan oan it RIVM.
De 14.458 positive tests dy't registrearre binne, is in rekôr foar Fryske begripen. It komt del op alle dagen 2.065 nije besmettingen. Ferline wike wie dat trochsneed 1.353, noch in wike earder 835.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 2.764. Dêrnei wienen de measte positive tests fan ynwenners fan Súdwest-Fryslân (2.247) en De Fryske Marren (1.369).

Relatyf de measte besmettingen yn Tytsjerksteradiel

It tal besmettingen is relatyf it heechst yn Tytsjerksteradiel. Foar alle 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 2.782 besmettingen fêststeld. Dêrnei komme De Fryske Marren (2.655) en Dantumadiel (2.632) mei yn ferhâlding de measte positive tests.

Twa stjergefallen, 37 sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne twa Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Waadhoeke en De Fryske Marren.
Der binne yn de ôfrûne wike 37 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne der sawat in kear safolle as in wike earder, doe gong it om achttjin opnamen.
Sûnt mids jannewaris brûkt it RIVM net mear de gegevens fan de GGD'en foar de sikehûssifers, mar de gegevens fan stichting NICE (Nationale Intensive Care Evaluatie). Dy sifers binne krekter.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Mei de 14.458 positive tests fan de ôfrûne wike is no yn totaal 136.926 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 589. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Faksinaasjegraad 81 persint

De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 81 persint folslein faksinearre (mei of sûnder boosterprik). Lanlik leit it op 84,7 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel (74 prosint), Achtkarspelen (75 prosint) en Noardeast-Fryslân (78 prosint).

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

Wike Besmettingen Stjergefallen
28 jannewaris - 3 febrewaris 14.458 2
21 jannewaris - 27 jannewaris 9.473 1
14 jannewaris - 20 jannewaris 5.846 1
7 jannewaris - 13 jannewaris 6.206 3
31 desimber - 6 jannewaris 3.577 4
24 desimber - 30 desimber 3.095 6
17 desimber - 23 desimber 4.140 19
10 desimber - 16 desimber 4.530 23
3 desimber - 9 desimber 5.524 9
26 novimber - 2 desimber 5.927 8
19 novimber - 25 novimber 6.295 8
12 novimber - 18 novimber 4.432 6
6 novimber - 11 novimber 3.565 2
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17