Hieltyd minder jild yn de beurs: "Als ik de kassabon krijg, schrik ik"

We ha hieltyd minder jild út te jaan, docht bliken út CBS-ûndersyk. De brânstof wurdt djoerder, de enerzjyprizen fleane omheech en ek foar de deistige boadskippen binne je hieltyd mear jild kwyt.
"Alles is djoerder, sels de fisk!"
Neffens it CBS lizze de prizen yn jannewaris leafst 7,6 persint heger as in jier earder, mar geane de leanen net mei omheech.
Alles wurdt djoerder, fernimme ek de minsken op strjitte. "Je krije itselde yn in leanpûdsje, mar je kinne der minder mei dwaan. It wurdt ferhongerje aanst foar in hiele protte minsken", seit in man by de supermerk. Ek in frou yn de AOW hat der bot lêst fan. "Als ik betaald heb en de kassabon krijg, dan schrik ik omdat ik veel meer kwijt ben voor de boodschappen."
Minsken dy't in goed ynkommen ha en dy't altyd wol rûnkomme koene, mar sa no en dan yn it read stean, fernimme dit it aldermeaste.
Ankie Horjus, ekspert yn besparjen
Ankie Horjus is ekspert yn besparjen en helpt minsken mei harren finânsjen. Neffens Horjus binne it net allinne de minsken mei lege ynkommens dy't der lêst fan ha. "Minsken dy't in goed ynkommen ha en dy't altyd wol rûnkomme koene, mar sa no en dan yn it read stean, fernimme dit it aldermeaste." Sy sjocht it allinne noch mar minder wurden. "Dit is foarearst noch net foarby, bin ik bang."

Faker op de fyts

It omheech gean fan de prizen hat op elkenien effekt. Hieltyd mear minsken sykje nei manieren om jild te besparjen. "Ik sykje wol bewust de supermerken op dy't it goedkeapst binne", seit in man op strjitte. En in oar: "Ik tink der wol in bytsje om. Ik gean oars wolris mei de auto, mar no op de fyts. Benzine is ek ferskriklik djoer."
© ANP Foto
Dochs kinne minsken noch bewuster nei harren útjeften sjen, seit Horjus. "Ik tink dat it net ferkeard is om dochs ris te sjen wêr't je steane. En hoe wolle je nei de takomst ta?"

Doaske sjampinjons

It binne de hiele gewoane dingen dy't aanst net mear te beteljen binne. "Ik moast fan 'e wike in doaske gewoane sjampinjons helje en ik skrok my kapot. Dat wie 1,09 euro. Ik wie ferline jier 80 sint kwyt ofsa", seit Horjus.
"En sa is it mei alle boadskippen. Ik sjoch it foarearst net gebeuren dat it minder djoer wurdt. Ik bin bang dat it earder noch djoerder wurde sil as dat it stabyl wurdt."