Tolve deade katten fûn op útlitfjildsje yn Ljouwert

Yn Ljouwert binne tongersdei tolve deade katten fûn op in útlitfjild foar hûnen. Neffens de plysje wienen guon fan dy katten yn plestik pûden begroeven. Der sieten ek kittens by.
© ANP
De katten binne fûn oan de Geeuwstraat, yn de wyk Wielenpôlle. It is net dúdlik hoelang't de bisten der al leine. Mooglik binne se op ferskate mominten dumpt, seit de plysje.
It ûndersyk is begûn. De plysje hopet dat minsken dy't tips ha, kontakt opnimme.