Finkjestress yn Ljouwert: drokte op priklokaasje yn WTC

Hûnderten minsken ha tongersdei in boosterprik helle by it WTC yn Ljouwert. It wie dêr folle drokker as de ôfrûne wiken. De reden foar in soad minsken: finkjestress.
Drokte yn it WTC © Leo Middelsé, Lennard Geerts
"Het is een en al drukte", seit klusterhaad Jolanda de Jong fan de GGD Fryslân. "We zijn aangenaam verrast dat mensen nu wel hun booster komen halen. Dat komt in veel gevallen door de beperkte geldigheid van het coronatoegangsbewijs. Met de booster behouden ze hun QR-code."
It wie sels sa drok, dat de wachttiden tongersdei yn Ljouwert sa no en dan flink oprûnen. "We hebben daarom extra personeel ingezet. Morgen zijn we in Leeuwarden dicht, maar dan is de locatie in Dokkum wel open. En zaterdag zijn we weer met extra personeel in Leeuwarden. Hopelijk kunnen we de lange wachttijden dan voorkomen."
De faksinaasjebewizen fan sa'n heal miljoen Nederlanners soene freed ferrinne, as se foar dy tiid gjin boosterprik helle ha. As de QR-koade yn de CoronaCheck-app dan scand wurdt, krije se gjin grien finkje mear. En dus ek gjin tagong ta bygelyks de bioskoop, it fuotbalstadion of in restaurant.
It ministearje hat tongersdeitejûn besletten om de regeling in pear dagen út te stellen: de jildichheid ferrint tenei op 8 febrewaris, kommende tiisdei.
De Jong ferwachtet dat de drokte noch wol even oanhâldt. "Ook omdat de voorjaarsvakantie eraan komt. Mensen hebben ook vaak een QR-code nodig om naar het buitenland te kunnen."
Jolanda de Jong, klusterhaad © Leo Middelsé, Lennard Geerts
Ien fan de minsken yn it WTC jout dat ek ta. "Ik gean oer trije wiken op skyfakânsje", seit in jonge. "Dan ha ik 'm nedich. Dêr giet it om, oars hie ik it net dien. Mar oars moat ik hieltyd om in PCR-test, dêr ha ik gjin nocht oan. It wie foar my de trigger."
Ik bin net tsjin de prik, mar it wie gemaksucht dat ik 'm noch net hie.
In frou dy't tongersdei de boosterprik helle
In frou hat ek krekt har prik binnen. "Sûnder dat finkje kinne je net sa'n soad mear. It wie foar my in goede stôk efter de doar. Ik bin net tsjin de prik, mar it wie gemaksucht dat ik 'm noch net hie. Ik ha der keurich trije kertier foar yn de rige stien. Mar it libben kin no wer fierder."

Finkje net foar elkenien it wichtichst

Net foar elkenien is it finkje de reden. Der wienen ek minsken dy't earder net de booster helje koenen, omdat se doe corona hienen. "Dan moatte je even wachtsje", seit in man. "Foar my is dat griene finkje net de reden om no de booster te heljen. Ik wurkje yn de sûnenssoarch, dat is de wichtichste reden."
En foar wa't net mei it finkje yn de efterholle yn it WTC wie, kaam de drokte as in ferrassing. "Ik wil gewoon m'n booster hebben, dat vind ik belangrijk. Maar we hadden niet verwacht dat het niet zo druk zou zijn rond etenstijd!"
Harkje nei fiif minsken dy't tongersdei in boosterprik helle ha