Dizze 14 Friezen dogge mei oan de Olympyske Winterspelen

Acht langebaanreedriders, fiif shorttrackers en ien bobslider; dat binne de Friezen dy't de kommende wiken yn aksje komme op de Olympyske Winterspelen. In oersjoch.
Wurdt Suzanne Schulting de keninginne fan dizze Spelen? © ANP

Jorrit Bergsma

Leeftiid: 36 jier
Wenplak: Aldeboarn
Dissipline: langebaanriden (5.000m, 10.000m, massastart)
Hoefolste Spelen: tredde kear
Eardere prestaasjes: 1x goud, 1x sulver, 1x brûns
Earste kear yn aksje: snein 6 febrewaris
De iepeningsseremoanje fan de Spelen is freedtemiddei. De earste Friezen komme in dei letter yn aksje. Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús dossierside.

Marijke Groenewoud

Leeftiid: 23 jier
Wenplak: Hallum
Dissipline: langebaanriden (1.500m, massastart)
Hoefolste Spelen: earste kear
Earste kear yn aksje: moandei 7 febrewaris
Marijke Groenewoud en Jorrit Bergsma yn Peking © ANP

Antoinette de Jong

Leeftiid: 26 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: langebaanriden (1.000m, 1.500m, 3.000m, ploege-efterfolging)
Hoefolste Spelen: tredde kear
Eardere prestaasjes: 1x sulver, 1x brûns
Earste kear yn aksje: sneon 5 febrewaris

Michelle de Jong

Leeftiid: 22 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: langebaanriden (500m)
Hoefolste Spelen: earste kear
Earste kear yn aksje: snein 13 febrewaris
Antoinette de Jong yn Peking © ANP

Sjinkie Knegt

Leeftiid: 32 jier
Wenplak: Bantegea
Dissipline: shorttrack (1.000m, 1.500m, relay, mixed relay)
Hoefolste Spelen: fjirde kear
Eardere prestaasjes: 1x sulver, 1x brûns
Earste kear yn aksje: sneon 5 febrewaris

Femke Kok

Leeftiid: 21 jier
Wenplak: Nij Beets
Dissipline: langebaanriden (500m)
Hoefolste Spelen: earste kear
Earste kear yn aksje: snein 13 febrewaris
Sven Kramer yn Peking mei de efterfolgingsploech © ANP

Sven Kramer

Leeftiid: 35 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: langebaanriden (5.000m, massastart, ploege-efterfolging)
Hoefolste Spelen: fiifde kear
Eardere prestaasjes: 4x goud, 2x sulver, 3x brûns
Earste kear yn aksje: snein 6 febrewaris

Itzhak de Laat

Leeftiid: 27 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: shorttrack (500m, 1.000m, relay, mixed relay)
Hoefolste Spelen: twadde kear
Eardere prestaasjes: gjin medaljes
Earste kear yn aksje: sneon 5 febrewaris
Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt yn Peking © ANP

Sven Roes

Leeftiid: 22 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: shorttrack (1.500m, relay)
Hoefolste Spelen: earste kear
Earste kear yn aksje: woansdei 9 febrewaris

Suzanne Schulting

Leeftiid: 24 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: shorttrack (500m, 1.000m, 1.500m, relay, mixed relay)
Hoefolste Spelen: twadde kear
Eardere prestaasjes: 1x goud, 1x brûns
Earste kear yn aksje: sneon 5 febrewaris

Ellia Smeding

Leeftiid: 23 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: langebaanriden (1.000m, 1.500m)
Hoefolste Spelen: earste kear
Earste kear yn aksje: moandei 7 febrewaris
Ellia Smeding rydt foar it Feriene Keninkryk © ANP

Dennis Veenker

Leeftiid: 29 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: bobsliden (fjouwermansbob)
Hoefolste Spelen: earste kear
Earste kear yn aksje: sneon 19 febrewaris

Rianne de Vries

Leeftiid: 31 jier
Wenplak: Akkrum
Dissipline: shorttrack (relay)
Hoefolste Spelen: earste kear (earder wol twa kear reserve)
Earste kear yn aksje: woansdei 9 febrewaris (mooglik)

Ireen Wüst

Leeftiid: 35 jier
Wenplak: It Hearrenfean
Dissipline: langebaanriden (1.000m, 1.500m, ploege-efterfolging)
Hoefolste Spelen: fiifde kear
Eardere prestaasjes: 5x goud, 5x sulver, 1x brûns
Earste kear yn aksje: moandei 7 febrewaris