2.569 nije coronagefallen yn Fryslân, njoggen sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.569 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It RIVM hat al mear as twa wiken te krijen mei in efterstân yn de ferwurking fan it tal positive tests.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hawwe al santjin dagen muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dy efterstân is tongersdei fierder oprûn, nei 113.000 foar hiel Nederlân. Troch de efterstân kinne de sifers bot skommelje.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 2.065 besmettingen. Woansdei lei it op 1.934 besmettingen, in wike lyn op 1.353.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne njoggen Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân (4), Ljouwert (2), Waadhoeke (2) en Harns.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 82.961. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 79.530.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.