Dochs fysike iepen dagen foar groep 8: "Dat gefoel krije je net op skerm"

Hûnderten learlingen fan groep 8 fan de basisskoallen koene dizze wike yn 'e kunde komme mei de middelbere skoallen fan CSG Liudger. Dat koe dit jier wer fysyk.
De ûnderwiisynstelling organisearre net allinne digitale iepen dagen, lykas ferline jier, mar ek wer echt yn de skoalgebouwen. "Dêr hiene wy ek al op hope", fertelt teamlieder Roelof Dijkstra fan de lokaasje yn Burgum.
Oant twa wiken lyn wie it team fan de middelbere skoalle yn Burgum der noch fanút gien dat de iepen dagen wer folslein digitaal wêze soene. De ferromming fan de coronaregels soarge lykwols foar mear romte. Yn koarte tiid sette de skoalle woansdei in fysyk programma yn 'e stegers.
Hoewol't âlden noch net wolkom wiene op skoalle, koene de basisskoalbern út groep 8 wol yn de lokalen terjochte.

"Fysyk ûnderfine"

"Wy fine de sfear op ús skoalle altyd hiel wichtich", seit Dijkstra. "Dat learlingen en âlden hjir binnen komme en tinke: dit fielt goed. Dat kin allinne mar as je dat fysyk ûnderfine, en net efter in skerm. Gelokkich koe it no ûnder betingsten wol trochgean."
CSG Liudger © RTV NOF, Mats Gies
Sa moasten de potinsjele earsteklassers bygelyks in mûlkapke op hawwe. It Liudger hie in spesjale 'Alvestêderûte' makke troch it skoalgebou, sa't learlingen yn groepkes troch de skoalle rinne koene.

Live-útstjoeringen

Neist de fysike iepen dagen organisearre it Liudger live-útstjoeringen foar âlden en bern út groep 7 en 8. Op dy wize koene ek sy thús dochs in bytsje yn 'e kunde komme mei de middelbere skoallen. "Hooplik kinne sy folgjend jier gewoan wer delkomme", neffens Dijkstra.
© Omrop Fryslân, Mats Gies