Ljouwerter bedriuw dat liedingen ynspektearret meast ynnovatyf yn Fryslân
Yn de ferkiezing fan de Kamer van Koophandel foar de meast ynnovative bedriuwen is it wetterlieding-ynspeksjebedriuw Acquaint fan Ljouwert as bêste bedriuw yn Fryslân einige.
De priis is foar de hûndert bêste bedriuwen op it mêd fan ynnovaasje. Acquaint einige lanlik op it 18e plak en yn Fryslân op it 1e plak.
Ynspeksje
It bedriuw hat in spesjale technyk ûntwurpen mei in skomprop, dy't mei druk troch liedingen pompt wurde kin en data sammelet. "Wy ynspektearje drink- en ôffalwetterliedingen, dy binne faak al lang lyn oanlein. Yn koarte tiid, dus dat betsjut ek dat sy yn koarte tiid wer ferfongen wurde moatte", leit direkteur Rudy Dijkstra út.
"Wy kinne mei technology helpe om te bepalen wat de prioriteiten wêze moatte. Wy kinne de kwaliteit fan de liedingen bepale en kinne foarsizzingen dwaan", sei hy. Direkteur Dijkstra neamt de priis in 'hiele eare'.