Liveblog | 3 febrewaris 2022

Coronanijs 3 febrewaris: guon opnamen en operaasjes yn MCL skrast

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne tongersdei 2569 nije coronabesmettingen meld;
  • Der lizze op 3 febrewaris 24 covindpasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • Kompjûters kinne it net oan: efterstannen registraasje tal besmettingen rinne wer op;
  • It is hjoed drok by de GGD-priklokaasje yn Ljouwert, ûnder oare omdat de QR-koade fan guon minsken oars tiisdei ferfalt.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 3 febrewaris 2022, 19:38
22:52

Oant moarn

We slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
19:25

Drok by priklokaasje Ljouwert

Drokte yn it WTC © Leo Middelsé, Lennard Geerts
In heal miljoen Nederlanners reitsje tiisdei de QR-koade yn de CoronaCheck-app kwyt, as se net foar dy tiid in boosterprik helje. It griene finkje ferfalt 270 dagen nei de lêste faksinaasje of 180 dagen nei de lêste besmetting.
Minsken dy't dus foar 1 maaie de lêste prik helle ha en de QR-koade behâlde wolle, moatte dus soargje dat se hjoed in boosterprik helje. Dat witte se by de priklokaasje fan de GGD yn Ljouwert no ek: dêr wie it tongersdei sa drok, dat de wachttiid oprinne koe oant in oere.
De regeling soe freed al yngean. Minister Kuipers fan Folkssûnens hat tongersdeitejûn besletten om dat in pear dagen op te skowen. It wurdt no tiisdei 8 febrewaris.
15:56

Meiwurkers MCL faker thús troch omikron; guon opnamen en operaasjes skrast

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Foar MCL-meiwurkers jilde strange coronaregels yn de húslike omjouwing. Wa't besmet is, of wa't in húsgenoat hat dy't besmet is mei it coronafirus, moat thús bliuwe. Dat hat wol konsekwinsjes foar de soarch: guon opnamen en operaasjes moatte skrast wurde om't dokters, soarchmeiwurkers of famylje dêrfan, besmet binne mei it coronafirus.

'In enkele gevallen kunnen ingrepen of afspraken op het laatste moment geen doorgang vinden. Patiënten krijgen hierover persoonlijk bericht. Wij streven naar tijdige berichtgeving maar soms worden ook MCL'ers overvallen door het virus en dan volgt de berichtgeving helaas op het laatste nippertje', sa skriuwt it Medisch Centrum Leeuwarden.

'Uiteraard proberen we voor patiënten van wie de afspraak wordt afgezegd zo snel mogelijk een goede oplossing te vinden.' It Ljouwerter sikehûs docht oan elkenien dy't der wurket of dy't op besite komt, de oprop om de maatregels 'optimaal na te leven'.
15:52

Efterstân by RIVM rint fierder op nei 113.000 positive tests

It tal positive coronatests dat noch net registrearre is by it RIVM, is tongersdei wer mear wurden. De efterstân is omheech gien, fan 104.000 nei 113.000 befêstige meldingen, oer in perioade fan santjin dagen. Yn de ôfrûne wike gie it tal miste gefallen omheech mei 41.000. De computersystemen kinne it hege tal positive tests net ferwurkje.

It RIVM en de GGD'en wurkje oan in oplossing en koene oan it begjin fan dizze wike sa'n 50.000 efterstallige positive tests registrearje.

As in laboratoarium nei in test fêststelt dat in persoan posityf is, wurdt de útslach ynfierd yn it computerprogramma CoronIT. Dêrnei wurde se automatysk trochstjoerd nei in twadde programma, HPZoneLite. De boarne- en kontaktûndersikers kinne dat brûke om te witten wa't se belje moatte om te efterhellen dêr't de besmetting wei komt.

Ut dit twadde programma wei geane de sifers nei it RIVM. Dat komt alle dagen mei sifers en alle tiisdeis mei in wykoersjoch. Fanwegen it hege tal besmettingen giet it mis mei de trochstream. De útslaggen wurde wol goed ynfierd yn CoronIt. Sa witte de GGD'en en it RIVM hoe grut de efterstân is.
15:31

2.569 nije coronagefallen yn Fryslân, njoggen sikehûsopnamen

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.569 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It RIVM hat al mear as twa wiken te krijen mei in efterstân yn de ferwurking fan it tal positive tests. It RIVM en de GGD hawwe al sântjin dagen muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dy efterstân is tongersdei fierder oprûn, nei 113.000 foar hiel Nederlân. Troch de efterstân kinne de sifers bot skommelje.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 2.065 besmettingen. Woansdei lei it op 1.934 besmettingen, in wike lyn op 1.353.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne njoggen Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân (4), Ljouwert (2), Waadhoeke (2) en Harns.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 82.961. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 79.530.
14:28

Wer mear as 200 nije coronapasjinten opnaam op ferpleechôfdielingen

Foar de twadde kear dizze wike binne der yn 24 oeren mear as 200 nije pasjinten mei corona opnaam op de ferpleechôfdielingen fan de Nederlânske sikehûzen. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).

Tiisdei kamen der 237 nije coronapasjinten by op de ferpleechôfdielingen. Fan woansdei op tongersdei gie it om 201 nije opnamen. Yn totaal lizze der no 1168 minsken mei corona in de kliniken. Om't yn de ôfrûne 24 oeren in protte minsken op de ôfdielingen wer nei hûs gean mochten, is de besetting yn ferliking mei woansdei tanaam mei 11 coronapasjinten.

Meiwurkers fan de ic's fersoargje op it stuit 218 pasjinten mei corona. Dat binne der trije mear as woansdei. Der waarden 16 nije pasjinten opnaam op de ic's, mar om't der in soad minsken nei hûs mochten of fanwegen ferstjerren, nimt de besetting op de IC's wat minder rap ta.

Yn totaal lizze der no 1368 coronapasjinten yn de sikehûzen. It tal pasjinten mei covid nimt de lêste tiid wer ta. It LCPS hâldt lykwols net by oft de minsken it coronafirus pas yn it sikehûs krige ha, of dat se fanwegen de besmetting mei corona opnaam binne.