Soargen oer jild foar it Stellingwerfsk: gemeenten mei Poepjes om tafel

Wethâlders fan West- en Eaststellingwerf sille mei deputearre Sietske Poepjes om tafel. Yn de gemeenten libje soargen oer de finansiering fan de Schieversronte en streektaalprojekten.
Deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
De provinsje hat yn desimber besletten om op te hâlden mei de besteande Regeling Stellingwerfs. De subsydzje foar de stichting Stellingwarver Schrieversronte - it ynstitút foar ûnder oare de Stellingwerfske taal - bliuwt wol yn stân, mar it is yn de gemeenten net dúdlik wat dat finansjeel betsjut.

Jild oars ferdield

De stichting koe yn 2019 noch rekkenje op 130.000 euro subsydzje fan de provinsje en beide gemeenten, mar mei in nije regeling bleau dêr fan 2020 ôf noch 75.000 fan oer.
Dêrnjonken kaam der sa'n 65.000 euro oan projektsubsydzje. Elkenien dy't wat mei it Stellingwerfsk dwaan woe, koe dêr in oanfraach foar yntsjinje. Yn de praktyk die benammen de Schrieversronte der in berop op.

Gemeenten wolle trochsette

No liket de provinsje fan dy konstruksje ôf te wollen. Wethâlder Esther Verhagen hie it oer 'redenen op technisch vlak'. De beide gemeenten wolle neffens har wol de aktuele regeling trochsette, ek as de provinsje net meigiet.
Verhagen har kollega Roelof Theun Hoen befêstiget dat út Weststellingwerf: "Het klopt dat we voornemens zijn om de regeling Stellingwerfs vanuit beide gemeenten voort te zetten om het Stellingwerfs te blijven stimuleren."
De gemeenten ha lykwols noch gjin dúdlikheid oer de gefolgen fan it provinsjale beslút. Verhagen en Hoen sille earst tongersdei mei-elkoar prate yn Weststellingwerf. De lunsjgearkomste mei Poepjes stiet yn maart op de aginda.