Kolleezje Súdwest-Fryslân wol 7 miljoen jaan foar mûnen Nij Hiddum-Houw

Gemeente Súdwest-Fryslân en Wetterskip Fryslân wolle elts twa wynmûnen oerkeapje fan it wynpark Nij Hiddum-Houw. It kolleezje fan Súdwest-Fryslân wol foar syn part 7 miljoen euro reservearje.
Wynpark Nij Hiddum-Houw yn oanbou © Omrop Fryslân
Wynpark Nij Hiddum-Houw is noch yn oanbou. It giet om it park by de Ofslútdyk, tusken Koarnwert, Wûns en Surch. Dêr komme njoggen wynturbinen fan 177 meter heech dy't 16 âldere en lytsere mûnen ferfange moatte. Oan de ein fan 2022 of begjin 2023 moat it park klear wêze.
Fiif mûnen falle ûnder de fennoatskip Gooyum Houw, de oare fjouwer binne fan enerzjyleveransier Vattenfall. Dy lêste partij wol de oandielen yn it park ferkeapje.

7 miljoen fan de gemeente

It kolleezje fan Súdwest-Fryslân wol dêr wol twa mûnen fan oernimme. Dêrfoar moat 7 miljoen euro reservearre wurde. De bedoeling fan it kolleezje is dat de opbringsten te'n goede komme oan projekten yn de mienskip.
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
De gemeenteried moat op 3 maart noch definityf in beslút nimme. Wetterskip Fryslân soe dan de oare twa mûnen oernimme moatte. Der is noch oerlis mei de omjouwings-advysried oer de útwurking en it finansierjen. Dêr sitte ek omwenners, doarpsbelangen en de rekreaasjesektor yn. Yn april wurdt dêr in beslút ferwachte.
De âlde mûnen by de Ofslútdyk © Omrop Fryslân
De komst fan it wynpark is al jierren kontroversjeel, mar yn jannewaris 2020 joech de Ried fan Steat grien ljocht. Ferline jier fregen de SP en de Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten har ôf oft de wynmûnen samar ferkeape wurde meie, om't merkpartijen sa profitearje soene fan publyk jild.