Fryske aksje tsjin 'krypto-fassisme' yn oanrin nei gemeenteriedsferkiezingen

Foarôfgeand oan de gemeenteriedsferkiezings sille antyfassisten fan Antyfassistyske Aksje Fryslân aksjefiere tsjin opkommend rasisme en fassisme by it gemeentehûs yn Bûtenpost.
In spandoek fan AFA Fryslân by in eardere aksje © AFA Fryslân
Mei in spandoek mei de tekst 'Respekt foar eltsenien, stop rasisme en fassisme' en flyers wol de aksjegroep stimmers warskôgje foar partijen as Forum voor Democratie (FVD) en de PVV. De aksjes wurde stipe troch Het Actiefonds, in organisaasje dy't oer de hiele wrâld aktivisten stipet.

'Krypto-fassisme'

Dy partijen binne neffens AFA Fryslân nammentlik 'krypto-fassistysk'. Reimer van Ruiten, mei-oprjochter fan AFA Fryslân, leit út dat dêrmei bedoeld wurdt dat de partijen 'bedekt fassistysk' binne: de partijen fertoane skaaimerken fan it fassisme, mar bedekke dy.
Skaaimerken dy't Van Ruiten neamt, binne bygelyks it hawwen fan in sterk nasjonalistysk karakter en it ferhearlikjen fan de eigen kultuer, it hantearjen fan frjemdlingehaat en it sûnder mear diskriminearjen fan oare religieuze oertsjûgingen, kultueren en sels rassen, en it útsluten fan befolkingsgroepen.

Yn aksje komme

Neffens Van Ruiten is AFA Fryslân streekrjocht tsjin alle foarmen fan rasisme en fassisme en fiert dêrom aksje tsjin groepen dy't dy skaaimerken fertoane. Van Ruiten seit dat de linkse partijen de lêste jierren in soad lizze litten hawwe. Dêrtroch hat rjochts mear ynfloed en oanhing krigen. It is neffens him oan de linkse partijen om dat op te lossen.

Net mei iens

Albert van Dijk, listlûker fan FVD Achtkarspelen, is it net mei Van Ruiten iens. Neffens him is it krekt goed om grutsk te wêzen op je ôfkomst en de regio dêr't je wei komme en binne der ek genôch kenmerken fan fassisme dêr't de FVD net oan foldocht. Fassisme giet nammentlik faak gear mei it brûken fan geweld, wat by de partijen net it gefal is.
Albert van Dijk, listlûker fan FVD yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân
Dêrneist is in skaaimerk fan fassisme dat der gjin plak is foar oare mieningen yn de polityk. Dat is foar syn partij krekt net it gefal: it is net foar neat dat it wurd 'demokrasy' yn de namme sit, seit Van Dijk: "Ien fan ús grutste spearpunten is natuerlik direkte demokrasy. Dan soe in fassist dêrfoar fuortrinne, net wier?"
Van Dijk wit net oft de aksje skealik wêze sil foar syn partij.