Offalbelied Tytsjerksteradiel sukses: grize kliko's grôtfol, mar skieden giet better

It nije ôffalbelied fan gemeente Tytsjerksteradiel hat dúdlik effekt. Yn de earste njoggen moannen is 16 prosint minder ôffal ophelle. In resultaat om grutsk op te wêzen, fynt de wethâlder, mar se binne der noch net.
Offalbelied yn Tytsjerksteradiel is suksesfol, mar is it genôch?
Lykas in soad oare gemeenten yn Fryslân hat de gemeente Tytsjerksteradiel him kommittearre oan de VANG-doelstellings. Dat betsjut dat de gemeente dernei stribbet om yn 2025 net mear as 30 kilo restôffal de persoan yn it jier op te heljen. Dat wylst in trochsneed ynwenner yn 2020 noch 131 kilo rêstôffal produsearre.

Nij ôffalbelied

Om dat te heljen hat de gemeente yn 2021 in nij ôffalbelied ynfierd. Njonken de 30 kilo restôffal is 90 persint skieding in doel. En wylst it restôffal earst ien kear yn de twa wiken ophelle waard, wurdt dat no alle trije wiken dien. Dêrfoaroer wurdt de biobak no alle wiken lege, yn stee fan ien kear yn de twa wiken.
Op de foargrûn fan ûndersteande foto in foarbyld fan it tal kilo ôffal yn it jier dat in trochsneed persoan no fuortsmyt, op de eftergrûn in foarbyld fan wat it yn 2025 neffens de doelstellingen wêze moat.
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De nije ophelfrekwinsje docht fertuten. Yn de earste njoggen moannen fan 2021 is 16 persint minder ôffal ophelle. En dêrby is der 23 persint mear gft-ôffal ophelle. Dat betsjut dus dat der better skieden wurdt.
Trochdat de sortibak minder faak lege wurdt, moatte minsken no kritysker sjen nei wat se yn de sortibak smite en dêrom skiede se ek better, is gedachte.

Wêrom skiede?

De gemeente Tytsjerksteradiel is no, nei Hearrenfean, de gemeente dêr't gemiddeld it minste restôffal ferbrând wurdt. In moaie statistyk, mar úteinlik giet it om it gruttere gehiel, seit wethâlder Andries Bouwman. "Dat is belangrijk, omdat je een heel groot gedeelte kunt hergebruiken. Dat zijn hele goede grondstoffen om nieuwe producten van te maken. We moeten zorgen dat we dat steeds meer doen, zodat er minder verbrand wordt."
Offalferwurker Omrin yn Aldehaske © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Bettere skieding is wichtich. Ut skiedingsproeven docht bliken dat in soad ôffal ûnterjochte yn de sortibak smiten wurdt. Offal dat eins earne oars heart, lykas glês, karton, tekstyl, gemysk ôffal, gft-ôffal en elektryske apparaten ferdwynt faak yn de sortibak dy't foar restôffal bedoeld is. Dêrtroch wurdt in soad ôffal ferbrând dat noch opnij brûkt wurde kind hie.

Mear maatregels

De gemeente hat mear maatregels ynfierd om optimale ôffalskieding mooglik te meitsjen. Sa binne de iepeningstiden fan de miljeustrjitte en kompostearterrein ferromme, is der in 0-eurotaryf ynfierd foar ynwenners dy't harren ôffal skieden oanbiede op de miljeustrjitte en is it tal glês- en tekstylkonteners ferhege.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Uteinlik wol de gemeente, krekt as de rest fan Nederlân, nei in folslein sirkulêre ekonomy ta. Dêrfoar is it stribjen nei 30 kilo restôffal de persoan yn it jier noch mar in tuskenstap.
De fraach is lykwols yn hoefier't dy tuskenstap realistysk is. "Ik snap wel dat andere gemeenten die doelen streng vinden", seit Bouwman. "Toch denk ik wel dat het haalbaar is. Inwoners moeten daar iets voor doen, gemeenten moeten een steentje bijdragen en het rijk. Zij moeten in gesprek gaan met de verpakkingsindustrie en retailsector. We moeten ervoor zorgen dat die plastic verpakkingen veel minder worden."