Plysje krijt ferskate brûkbere tips oer wenningoerfal yn Ljouwert

De plysje hat ferskate tips krigen oer in wenningoerfal yn Ljouwert. Op 11 jannewaris moast in bewenster fan de Waling Dijkstrastrjitte ûnder bedriging fan in mes har pinpas en pinkoade ôfjaan.
© ANP
Koart dêrnei waard mei de pas jild pind by in automaat yn Ljouwert. Der binne bylden fan de man dy't it jild pinde. De plysje meldt dat de ynkommen tips brûkber binne, mar dat mear tips wolkom binne.