Plestik, seewier en deade fûgels by Ferwert: Wetterskip Fryslân rommet op

Plestik, seewier en deade fûgels; it is in lytse greep út al it guod dat yn Ferwert op de seedyk oanspield is troch stoarm Corrie. De dyk is fersmoarge en dus makket Wetterskip Fryslân alles wer skjin.
"In protte rommel dat minsken yn de see smite, fine wy no werom":
"Sjoch, hjir lizze de deade bisten al." Bernard Visser fan Wetterskip Fryslân wiist nei twa guozzen dy't yn it stikeltried fan de seedyk fan Ferwert ferstrykt rekke binne.
In boskje fearren leit ûnder de guozzen. "Dy binne rekke troch de fûgelgryp, tink ik. Gewoanwei lizze der ek wol aardich wat hear, mar no binne it wol mear. Wy ha no sa'n stik as fyftich sjoen. Dat is wol mear as wy tocht hiene. Troch dy fûgelgryp binne de guozzen flink fermeagere. Sy kinne net mear tsjin de stoarm op en klappe dan op de wâl."
Wetterskip Fryslân rommet Ferwert op © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Wylst de wyn noch mei in flinke gong oer de dyk raast, rommet it Wetterskip alle resten fan stoarm Corrie op. Mei in grutte kraan wurdt al it gers en seewier op ien bulte skood.
"Wy komme eins fan alles tsjin", seit Hendrik Fennema fan it Wetterskip. Mei in heafoarke hellet er de lêste bytsjes by it tried fuort. "Alles wat yn see smiten is, komme wy wer tsjin."
As it der te lang leit, giet it gers dea.
Hendrik Fennema (Wetterskip Fryslân)
Lizze litte is neffens Fennema gjin opsje. "As it der te lang leit, giet it gers dea. It grien is wichtich foar de fûgels. It hâldt wetter fêst en dêr kinne de fûgels dan wer gebrûk fan meitsje."
It Wetterskip ferwachtet dizze hiele wike noch dwaande te wêzen mei it opromjen.