Van der Meulen slút fabriken Hallum en Broeksterwâld: toast ferstjit brea en bakken

Van der Meulen slút it bakfabryk yn Hallum en it breafabryk yn Broeksterwâld. De produksje smyt neffens it bedriuw gjin winst mear op.
Mei oare produkten kin it bedriuw wol winst meitsje yn binnen- en bûtenlân:
Van der Meulen wol him talizze op de produksje fan Melba Toast. It is de bedoeling om de produksje te sintralisearjen op ien lokaasje nei in foarnommen werstrukturearring. Doel is om klear te wêzen foar groei en fernijing yn de kommende jierren. De fokus komt dêrby folslein te lizzen op de toast, yn binnen- en bûtenlân.
Deze twee productgroepen zijn meer lokale broodspecialiteiten geworden en passen daardoor niet meer in onze internationale groeistrategie.
Bakkerijbedriuw Van der Meulen
It Fryske famyljebedriuw bestiet al goed in iuw en begûn oait mei de produksje fan bakken en brea, mar dy slute neffens it bedriuw hieltyd minder oan by de behoefte fan de konsuminten.
"Deze twee productgroepen zijn meer lokale broodspecialiteiten geworden en passen daardoor niet meer in onze internationale groeistrategie."
Van der Meulen yn Hallum © Google Streetview
Mei de foarnommen ferpleatsing fan de produksje nei ien lokaasje kin it bedriuw him neffens eigen sizzen rjochtsje op fierdere ferbettering fan de kwaliteit fan de toastprodukten, op bettere produksjeomstannichheden en ferleging fan de kosten.
"Op deze manier zal de bakkerij in de huidige competitieve markt efficiënter functioneren, beter kunnen inspelen op de wensen van onze klanten en consumenten en is zij klaar voor een gezonde toekomst gericht op groei en ontwikkeling."
© Shutterstock.com
Oer de gefolgen foar it tal arbeidsplakken seit eigener Johannes van der Meulen: "In dit stadium kunnen daar geen definitieve uitspraken over worden gedaan, we zijn daarover in gesprek met de ondernemingsraad en de vakbonden. Wel zal het naar verwachting niet mogelijk zijn alle werknemers in dienst te houden. Een beperkt aantal arbeidsplaatsen zal mogelijk komen te vervallen."
Hy seit dat der noch socht wurdt nei in sa goed mooglike oplossing, bygelyks natuerlik ferrin en werpleatsing fan meiwurkers nei it toastfabryk.
Eigener Johannes van der Meulen fan it bakkerijbedriuw