HEA! Magneetfiskje
Alle wykeinen giet Sietse Keestra derop út en smyt er syn magneet earne yn it wetter. Sietse hat it net altyd maklik hân yn it libben. Hy waard as lyts jonkje in soad pest en rekke depressyf. As hy te magneetfiskjen giet, komt er ta rêst. Diskear fynt er in klûs mei ynhâld. De sieraden binne ûnderwilens werom by de eigener.