Ald-Omropkollega Afke Boven wurdt nije presintator NOS Journaal
Ald-Omropkollega Afke Boven wurdt de nije presintatrise fan it NOS Journaal. Kommende moanne presintearret se har earste útstjoering.
De 41-jierrige Boven wurke acht jier foar Omrop Fryslân, as einredakteur, ferslachjouwer en presintator. In lyts jier lyn begûn se as einredakteur fan it NOS Journaal Regio, it deistige sjoernaal op NPO2 mei nijs fan de regionale omroppen.
Afke Boven komt fan It Amelân. Se die sjoernalistyk yn Zwolle en wie foar har wurk by Omrop Fryslân redakteur by ferskate telefyzjeprogramma's.
'As sjoernalist is de NOS foar my it plak dêr'tst wêze wolst' is te lêzen yn it nijsberjocht. "It hurde wurkjen fan de redaksje, ek mei ûnder oaren producers en technisy, komt gear yn de útstjoeringen. Dêr bin ik mei in geweldich soad wille ûnderdiel fan. En no mei ik ek noch it team fan presintatoaren fersterkje. Ik fiel my enoarm fereare mei it betrouwen dat ik fan de NOS krij", seit se.
Haadredakteur Marcel Gelauff fan NOS Nieuws seit dat Boven it fanselssprekkende gesach hat dat past by in presintator fan it NOS Journaal. "Ze zal de kijker op een prettige en vanzelfsprekende manier langs het nieuws leiden", seit er.