Plysje hâldt twadde fertochte oan yn saak-Elzinga

De plysje hat in twadde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei de dea fan de 26-jierrige Lisette Elzinga op It Hearrenfean. It giet om in 44-jierrige man fan It Hearrenfean.
Argyfbyld fan de stille tocht dy't foar Lisette Elzinga organisearre waard © Omrop Fryslân
Ut it ûndersyk is nei foaren kaam dat der in mooglik sededelikt plakfûn hat dêr't de frou slachtoffer fan wurden is.
De oanhâlden man wurdt, lykas de earder oanhâlden fertochte, fertocht fan dea troch skuld. De man sil heard wurde oer it sededelikt, om te achterheljen wat syn rol west hat by wat late ta it ferstjerren fan it slachtoffer.
It ûndersyk rjochtet him op dizze twa fertochten, der wurde foarearst net mear oanhâldingen ferwachte.
De fertochte dy't earder, op 25 jannewaris, oanhâlden waard, is freed yn frijheid steld. Hy bliuwt fertochte. It ûndersyk giet troch.