Drachtster muzykkorps Crescendo oefenet wer nei in lang twongen skoft

By muzykkorps Crescendo fan Drachten meie se sûnt ferline wike wer oefenje. Fansels wol op oardel meter ôfstân en mei in QR-koade. Elkenien is bliid dat se wer mei in groep muzyk meitsje kinne, ek al binne net alle leden der.
Crescendo yn Drachten © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dêr sit fuort al it grutste probleem. Yn de oefenromte yn de Rehoboth-tsjerke yn Drachten binne in soad stuollen leech. "Ja, we ha noch al in oantal leden mei corona of dy't yn karantêne sitte. Der binne ek leden dy't ôfsein ha", seit Mariska Boneschansker. Sy dirigearret de jeugd, groep C. Njoggen leden binne dizze jûn kaam. "Gewoanwei binne it der 18."

Folle leuker

De jeugd dy't der sit, is bliid dat se wer yn in groep oefenje kinne. Thús oefenje yn de lockdown hawwe net folle leden dien. "Ik ha wol oefene mei myn broerke en suske, mar dit is folle leuker", seit de saksofonist.
Boneschansker hâldt hoop foar de takomst: "We ha sjoen dat leden ôfsein ha om't se miskien al wat twivelen, mar we sjogge oaren dy't al jierren gjin ynstrumint oanrekke ha weromkommen. Ik bin derfan oertsjûge dat it goedkomt."
"It wie de earste kear al wat rustich", seit Gatze Verbeek. Hy stiet foar de B-groep. "Mar je koene fuort al de enerzjy fiele. Se wolle sa graach wer."
Foar de muzikanten bliuwt it behelpen. Dat se op ôfstân fan inoar sitte, hat ynfloed op it spyljen seit Jellie Bosma. Sy spilet eufonium yn it korps en sit op de achterste rige. "Je moatte no krekt wat better oplette. As je deun neist inoar sitte, jout dat in oar gefoel en hearre je it ek better."
Yntusken is se drok dwaande har kâlde eufonium waarm te meitsjen. "Lekker eefkes oankrûpe en dan sa blaze."

Goed nijs

Flak foar't se it earste stik ynsette, komt Mariska Boneschansker mei goed nijs: der komme wer optredens. En ek it reiske nei Skiermûntseach giet wer troch. It boadskip kin rekkenje op brede ynstimming. No allinnich noch de lege stuollen folje.