Heechlearaar Hans Mol yn needgjalp: "Kennis oer ús eigen midsiuwen ferdwynt"

De kennis oer ús eigen midsiuwen ferdwynt, konstatearret de Fryske heechlearaar Hans Mol. En dat wylst Nederlân en Fryslân noch oeral de midsiuwen azemje. Mol docht in needgjalp yn in iepen brief en pleitet foar mear ekspertize op universiteiten.
Hans Mol © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
It ûndersykjen fan de midsiuwske skiednis bedarret mear en mear by pensionado's en amateurs, en sels dat stiet ûnder druk. Dat skriuwt Mol yn in iepen brief yn de Volkskrant.
Mol is heechlearaar midsiuwske skiednis fan de Fryske lannen, ferbûn oan de Universiteit Leiden en de Fryske Akademy.

Saakkundigen

Neffens Hans Mol binne de stúdzjemooglikheden op dit mêd net goed. Allerhanne dissiplinen lykas paleografy (it lêzen fan âlde hânskriften), oarkondelear en histoaryske geografy sitte hjoed-de-dei net mear yn de kurrikula. Op universiteiten hâlde minsken har mear dwaande mei oare tiidrekken en gebieten.
Der binne net in soad saakkundigen mear oer de midsiuwen yn de Nederlannen. Dêrtroch komt ek de begelieding fan studinten mei ynteresse yn it eigen wengebiet yn gefaar. "Op heechlearaar-nivo is der yn Nederlân gjinien dy't de midsiuwske skiednis fan Nederlân behearsket", seit Mol.
In Aldfryske tekst yn it Fries Museum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
In selde ûntwikkeling bart by de archeology, dêr't stúdzje oer ynlânske saken as kleasters en tsjerken ek ûnderoan de list stiet. De lokale skiednis soe better ferankere wurde moatte op de universiteiten, fynt Mol.

Stúdzjemooglikheden ferdwine

Der binne hast gjin reguliere promoasjeplakken mear om't der gjin researchfoarstellen mear by de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek yntsjinne wurde. As subsydzjefoarstellen net mear tekene wurde kinne troch learstoelhâlders dy't har dêrmei dwaande hâlde, krije dy foarstellen ek gjin grien ljocht.
Undersyk wurdt noch wol ferrjochte, mar dan troch eksterne promovendy, fertelt Mol. "Der moat dan in bysûnder heechlearaar ynflein wurde om it ûndersyk te begelieden."

Ekspertize ferfalt

Dat de saakkundigen oer de midsiuwen yn de Nederlannen ôfnimme, is net allinnich in probleem fanwegen it tekoart oan studintebegelieding, mar ek omdat de ekspertize nei ferrin fan tiid ferfalt.
"Elkenien sil dan syn eigen ferhaal fertelle, en we witte hoe't dat tsjintwurdich giet mei komplotteoryen. Elkenien nimt it fan elkoar oer, sûnder dat ien goed oplaat is om te ûnderskieden wat wier is en wat net", seit Mol.
De kapelle fan Haskerdiken, op it plak dêr't it midsiuwske kleaster Haskerkonvint stie © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sa bedarret it wittenskipsgebiet yn in negative spiraal. Neffens Mol kin it wolris komme troch de fokus op de wrâld as gehiel. Minsken leare de wrâld kennen, mar net mear it eigen lân. "Wylst de wrâld just bestudearje kinst ast 'dyn eigen achtertún' ûndersikest."
Dêrnjonken spilet mei dat wittenskippers alles yn it Ingelsk produsearje moatte, foar de rest fan de wrâld. "Dat betsjut dat ûndersyk datst foar Nederlân dochst net op it earste plak komt."
Neffens Mol litte wittenskippers har aginda foarskriuwe troch wat der bygelyks yn Australië en Amearika dien wurdt. "It is net in kwestje fan wolle, mar fan moatte. Je moatte publisearre wurde, oars komst net fierder yn it akademyske prestaasjesirkwy", leit Mol út.

'Us lân azemet noch oeral midsiuwen'

It is spitich, sa fynt Mol. "Us lân azemet noch oeral midsiuwen en der is genôch belangstelling foar. Tink oan it megasukses fan Bart van Loo syn boek oer de Bourgondiërs." Dêr binne al mear as 300.000 eksimplaren fan ferkocht.
De Skierstins yn Feanwâlden, út it begjin fan de 14e iuw © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Yn ús eigen provinsje binne de midsiuwen ek werom te finen, tink mar oan de Skierstins yn Feanwâlden, de withoefolle midsiuwske tsjerken en de Aldfryske teksten dy't bewarre bleaune.
Mol wol dat universiteiten mear omtinken jouwe oan fakatueres om minsken binnen te heljen dy't ekspertize ha op Nederlânsk mêd. Neffens him ha ek studinten noch hieltyd ynteresse foar de Nederlânske skiednis.