Liveblog | 2 febrewaris 2022

Coronanijs 2 febrewaris: Nachtklups iepen út protest

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Muzykkorps Drachten mei wer: "Ik ha oefene mei myn broerke en suske, mar dit is folle leuker"';
  • Yn Fryslân binne woansdei 2.405 nije coronabesmettingen meld;
  • Kompjûters kinne it net oan: efterstannen registraasje tal besmettingen rinne wer op;
  • Nachtklups yn it hiele lân geane op 12 febrewaris iepen út protest.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 2 febrewaris 2022, 22:10
woansdei 2 febrewaris 2022
22:30

Oant moarn

We slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
22:08

Gezondheidsraad komt freed mei advys oer boosterprik jongerein

De Gezondheidsraad bringt freed in advys út oer it boosteren fan jongerein fan 12 oant en mei 17 jier. Dat hat in wurdfierder fan it advysorgaan witte litten nei in berjocht fan RTL Nieuws. De foarige minister fan Folkssûnens, Hugo de Jonge, hie ein desimber om it advys frege.

8,4 miljoen boosters

Folwoeksenen kinne al wol in boosterprik krije. Sa'n 8,4 miljoen minsken hawwe dat dien, dat komt del op trije op elke fiif folwoeksenen. Jongeren fan 12 jier ôf kinne har wol ynintsje litte mei in earste en twadde doasis, mar wurde foarearst net oproppen foar in boosterprik. Yn dizze groep binne de lêste tiid in soad positive tests registrearre.
De faksins dy't goedkard binne foar boosterprikken, hawwe dy erkenning allinnich foar folwoeksenen. Der binne noch gjin boosterfaksins foar minderjierrigen goedkard. De Jonge hie dêrom ek oan de Gezondheidsraad frege oft der eventueel al begûn wurde kin en moat mei it boosteren van de jongeren sûnder sa 'n goedkarring, of dat in spesifyk foar it boosterjen goedkard middel ôfwachte wurde moat.
In jonge ynwenner fan Skylge krijt in faksinaasje © ANP
19:06

Nachtklups geane iepen op 12 febrewaris

Nachtklups en diskoteken smite nije wike sneon harren doarren iepen. Brânsjorganisaasje Nachtbelang en it Overleg Amsterdamske Clubs (OAC) sizze it sêd te wêzen dat by de plannen fan it kabinet om de mienskip te weriepenjen net oan harren tocht wurdt.
Op 12 febrewaris wolle sy klups troch it hiele lân iepen hawwe. "We willen clubs weer onder de aandacht brengen", seit in wurdfierder fan de aksje De nacht staat op. "We merken dat dat helemaal niet gebeurt en dat doet gewoon pijn na al twee jaar dicht te zijn."
© ANP
18:53

Heger syktefersom soarget foar problemen by sikehûzen

Sikehûzen hawwe hieltyd mear muoite om de besetting rûn te krijen. No't it tal coronabesmettingen op it heechste nivo ea bedarre is, komt in groeiend tal soarchmeiwurkers út need thús te sitten, bygelyks nei in positive test. Tagelyk rint it oantal opnommen coronapasjinten wer op.
Yn guon sikehûzen leit it syktefersom no om de 10 prosint hinne, sa docht bliken út in rûngong fan parseburo ANP.

Fan dei ta dei

De sikehuzen hâlde rekken mei fierdere taname. "Zodra daar sprake van is, moet er geschoven worden met de roosters van verpleegkundigen. Dit bekijken we van dag tot dag", seit in wurdfierster fan it Maasstad-sikehûs yn Rotterdam. Omdat dêr de opgeande line al ynset is, iepenet it Maasstad tongersdei in twadde Covid-ôfdieling. Trije operaasjekeamers gean tydlik ticht.
Los fan besmettingen ûnder meiwurkers jildt ek noch hieltyd foar in part fan de minsken dat se yn karantêne moatte. Wa 't gjin klachten hat en in boosterprik krigen hat, of resint wersteld is, hoecht dat net mear.
17:22

"Hossende minsken byinoar is ûnferstannich"

De tydlike opfolger fan Ernst Kuipers makket har fanwege it hege tal coronabesmettingen grutte soargen oer karnaval. Ina Kuper is de waarnimmend foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg (LNAZ). Sy seit yn in petear mei it ANP dat it har hiel ûnferstannich ta liket as grutte groepen hossende minsken byinoar komme. Mei fierdere ferrommingen fan de coronamaatregels soe sy noch efkes wachtsje, as sy it kabinet wie.
© ANP
Kuper ferwachtet dat de grutte taname fan it tal coronabesmettingen ek wer liede sil ta mear druk op de sikehuzen. Dy hawwe it al dreech omdat in soad personielsleden siik binne.
Dat probleem wurdt hieltyd grutter. Net allinnich yn sikehuzen, mar yn de hiele maatskippij. It persintaazje wurknimmers mei in positive coronatest is ûnder soarchpersoniel like heech as yn oare sektoaren, neffens Kuper.
16:42

Wedstriid Cambuur begjint earder