Sluting bernehertsjirurgy yn Grins "noch gjin 'gelopen race'"

Net allinnich opposysjepartijen yn de Twadde Keamer binne kritysk op it kabinetsplan om de ôfdieling bernehertsjirurgy út it Noarden te heljen, mar ek út de koälysje klinkt der krityk. Dat seit Attje Kuiken fan de PvdA.
Attje Kuiken © ANP
Kuiken krige tiisdei yn Den Haach tegearre mei Corine Ellemeet (GrienLinks) ferjit-my-netsjes út Ljouwert. Dy waarden oerlange troch twa gymnasiumlearlingen en riedsleden fan de PvdA, FNP en GrienLinks.
It idee fan de aksje wie om dúdlik te meitsjen dat de belangen fan Noard-Nederlân te faak fergetten wurde. Neffens Kuiken, dy't bliid wie mei de aksje, kin it seker wat opsmite. "We binne hiel kritysk. De minister hat net goed beargumintearre wêrom't dit beslút naam is, dus wy hawwe mei alle partijen fragen steld."
En neffens Kuiken binne net allinnich de PvdA en GrienLinks kritysk, mar bygelyks ek it CDA en D66. "Dat binne ek de koälysjepartijen dy't sizze: 'Sa kin it net.'"
Op 17 febrewaris debattearret de Twadde Keamer oer it sluten fan de ôfdieling bernehertsjirurgy yn it Universitêr Medysk Sintrum Grins. It regear wol bernehertsoarch konsintrearje yn Rotterdam en Utrecht. Dat soe de kwaliteit te'n goede komme. Gefolch soe dan wol wêze dat de bernehertsintrums yn Grins, Amsterdam en Leiden ferdwine.
Men doet net of het geen gevolgen heeft, maar dat is natuurlijk wel zo.
Attje Kuiken (PvdA)
"We geane de diskusje mei de minister fan Folkssûnens oan oer wêrom't er dizze kar makket, wylst de gefolgen foar de minsken grut binne. Net allinnich yn Grinslân, mar ek yn Drinte en Fryslân. Men docht krekt as hat it gjin gefolgen, mar dat is fansels wol sa", seit Kuiken.
Ofrûne moanne wie Kuiken noch op wurkbesite yn it UMCG. Dat hat neffens har ek wer laat ta nije ynsichten, bygelyks wat it foar de rest de soarch betsjut en watfoar bern it oanbelanget. Kuiken: "It jout ynsjoch yn hoe't se yn it UMCG soarch ferliene en wat it belang is fan regionale sprieding fan soarch."

Gjin 'gelopen race'

Kuiken sjocht it debat mei fertrouwen temjitte: "Uteinlik beslút de mearderheid. Ik ha der alle fertrouwen yn dat it noch net in 'gelopen race' is."