Thialf wol foarútsjen: nije faze freget om takomstplan
No't de situaasje omtrint Thialf stadichoan wat stabiler wurdt, is it tiid foar in nij plan mei each op de takomst. Dat skriuwt direkteur Marc Winters yn in brief oan de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean.
De ôfspraken út it rapport fan de kommisje-Eringa en de finansjele tasizzingen fan it Ryk jouwe Thialf de wissichheid om in reedrydlokaasje op 'wrâldnivo' te bliuwen, neffens Winters.
De direkteur fernimt ek dat de rop om in takomstplan hieltyd lûder wurdt. Dêr is er it mei iens: "Een nieuwe fase vraagt zeker ook weer om een nieuw plan." Njonken it behâld en de útwreiding foar de topsportfasiliteiten moat dêryn omtinken komme foar ynnovaasje, duorsumens en leefberens.
Basis moat op oarder
Foar't it safier is, moat de doelstelling 'basis op orde' wol definityf behelle wêze, fynt Winters. Hy tinkt dêrby oan de kwestje mei de sinnepanielen op it dak fan it iisstadion, it coronastipepakket, de Europeeske goedkarring fan it 'herstructureringsplan' en de útwurking fan de ôfspraken mei it Ryk en de topsportpartners.
It is Winters syn ferwachting dat de measte kwestjes yn de earste helte fan 2022 ôfrûne wurde. Sa hat it Ryk al in miljoen euro beskikber steld en stiet yn it koälysje-akkoart dat der de kommende fjouwer jier alle jierren in miljoen nei Thialf moat.
Gjin provinsjaal jild
Deputearre Steaten binne it iens mei de analyze fan Winters dat it der goed útsjocht. Mar as Thialf yn it úteinlike takomstplan om jild freget, binne Deputearre Steaten net fan doel om dêroan te foldwaan.