Fertochte fan tsientallen brannen yn Harns hat spyt

De man út Ljouwert dy't fêstsit foar in grut tal gefallen fan brânstifting yn Harns hat in soad spyt. Dat sei er tiisdei by in rjochtsitting.
In autobrân yn Harns © CAMJO Media
De 25-jierrige Ljouwerter seit dat er in soad neitocht hat oer wat er dien hat en wat er de slachtoffers oandien hat. Hy hat yntusken petearen hân mei in psychiater en in psycholooch.
Dy petearen binne foar it Iepenbier Ministearje oanlieding ta it meitsje litten fan in saneamd maatregelerapport troch de reklassearring. Sa'n rapport is nedich as it Iepenbier Ministearje tbs mei betingsten easkje wol.

Sechstich brannen

Tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2021 wiene der sa'n sechstich brannen yn Harns. Fan goed tweintich stiet fêst dat dy oanstutsen binne. Nei ferskate tips kaam de plysje úteinlik by de man út Ljouwert út.
De ynhâldlike behanneling fan de saak is op 8 april.