2.310 nije besmettingen, efterstân by RIVM noch 81.000

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.310 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Oer de lêste fyftjin dagen is de efterstân by it tal meldingen no 81.000 foar hiel Nederlân.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hawwe al goed twa wiken muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dêrtroch kinne de sifers bot skommelje. Moandei waarden 1.015 nije besmettingen trochjûn.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.788 besmettingen. Moandei lei it op 1.647 besmettingen, in wike lyn op 1.180.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne seis Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Smellingerlân (2), Ljouwert, Opsterlân, Weststellingwerf en Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 105.840. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 75.716.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.