sc Hearrenfean aktyf op de transfermerk, by SC Cambuur bliuwt it rêstich

Sportklup Hearrenfean hat frijwat aktyf west dizze winter. Al mei al hat it fjouwer nije spilers oanlutsen en binne der fiif fuortgien. SC Cambuur die dizze transferperioade yn totaal fjouwer transfers.
Thom Haye © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat op de lêste transferdei noch twa nije spilers oanlutsen: Thom Haye en Amin Sarr ha yn totaal 2,9 miljoen koste.

Oanlutsen dizze winter

Dizze winter fuortgien

Allinnich de posysje fan ferdigener Joaquín Fernández is noch net dúdlik. Syn kontrakt rint yn 2023 ôf en hy waard ferhierd oan Montevideo City Torque út syn bertelân Uruguay.

Totaalbalans: minder útjûn as ûntfongen

sc Hearrenfean hat dizze simmer en winter al mei al aardich wat oerholden oan transferbedraggen. Oan ynkomsten sil dat sa sa'n 8,5 miljoen euro wêze en boppedat hat Hearrenfean de seleksje ynkrompen en is der romte makke yn it salarishûs.
Mei Amin Sarr hopet Hearrenfean in goeie ynvestearring te dwaan en it kapitaal werom te krijen op it fjild. Sarr kostet 2,3 miljoen euro, mar Hearrenfean hopet op in soarte fan Ejuke-senario. Dy waard ek foar twa miljoen euro oanlutsen, mar gie foar tolve miljoen euro nei CSKA Moskou.
Kwa ynvestearringen komt Hearrenfean ûngefear op sa'n 3,5 miljoen euro. Dat komt dan troch de transfers fan Sarr, Haye en Van Ewijk.
Sam Hendriks © Orange Pictures
By Cambuur bleau it dizze winter rêstiger. Der kamen twa spilers by en der giene twa fuort.

Oanlutsen dizze winter

Dizze winter fuortgien

By Cambuur geane der in stik minder euro's om as by Hearrenfean. Joosten wurdt hierd, Sylla wie transferfrij, Krastev wie hierd en Hendriks wurdt ferhierd.

Totaalbalâns: ynkomsten moatte noch komme

Eins hat Cambuur oardel jier lyn goed ynvestearre en dat moat dizze simmer de fruchten opsmite. Spilers as Mees Hoedemakers en Alex Bangura wurde in soad yn ferbân brocht mei oare klups en de Ljouwerters hoopje op miljoenebedraggen foar dizze wichtige krêften.
Cambuur hat yn de simmer lytse bedraggen op tafel lein foar Roberts Uldrikis en Maxim Gullit. Hoefolle dat krekt is, is net dúdlik.