Stoarm Corrie foel yn grut part Fryslân ta: "Wy hewwe it wel eens heviger hat"

De foarseine stoarmdei foel yn in grut part fan Fryslân wol wat ta. Der wie koade oranje ôfkundige, dat gefaarlike waar jilde benammen foar de kustgebieten.
Stoarm Corrie foel wol ta, sa die bliken:
Peter Lieverdink fan Wetterskip Fryslân joech oan dat geandewei de dei bliken die dat it stoarm Corrie net wat wie om ûngerêst oer te wurden. "Het is niet uitzonderlijk en we zijn alert. Zoals de verwachting er nu uit ziet hebben we om half negen bij Harlingen een waterstand van 2,50 meter. Pas bij 2,70 tot 3 meter moeten we andere maatregelen nemen. Maar het lijkt erop dat het zover niet komt."

Slûzen en gemalen

It wetterskip kin op de hege wetterstannen antisipearje. "We hebben maatregelen genomen zoals het sluiten van een keermuur en de afsluiting van de zeegemalen bij Roptazijl, Zwarte Haan en Marrum. Ook de schutsluizen van de Tjerk Hiddessluizen worden gesloten. We volgen de ontwikkeling van de waterstanden, die worden vanuit het Watermanagementcentrum in Lelystad gecommuniceerd."
"Wy hewwe it wel eens heviger hat" sei in Harnzer.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort spruts mei Harnzers oer de stoarm
Ek oan de eastkant fan de provinsje foel it wol ta mei de stoarm. Yn oktober ferline jier stie it wetter mear as in heale meter heger. Wagenborg fear gewoan en der wiene ek gjin problemen op it parkeardek yn Holwert. Wol waard it wurk oan de pier moandei efkes stillein.
Ferslachjouwer Mats Gies kaam der efter dat it by Holwert wol wat tafoel
Koade oranje jout oan dat der gefaarlik waar is. "Dat wie der ek wol oan de kust, by de Iselmar en it Waadgebiet, it noardwesten fan de provinsje. It binnenlân fan Fryslân hat folle minder wyn hân, wol flinke buien mei wynstjitten", seit waarman Piet Paulusma.
Mei de noardwesterstoarm is in soad wetter op de kusten kaam. Paulusma ferwachtet dat de wetterstân yn de rin fan de jûn noch wol heger komt, ek al jout de wyn him wol wat del.
Piet Paulusma