Foppe de Haan wol Ruud van Nistelrooij as nije trainer: "Soe fantastysk wêze"

As it oan Foppe de Haan leit, dan hellet sc Hearrenfean Ruud van Nistelrooij as nije coach. Dat seit hy yn de SportCast. Fierder prate we oer de lêste transferperikelen.
Ferskate nammen fan kandidaten om Johnny Jansen op te folgjen passearje de revu. Sa wurdt Jon Dahl Tomasson neamd. De Haan helle de Deen oait as spiler nei Hearrenfean.
"Hy hat altyd wol in goed idee oer fuotbal. Sa spile hy ek by Roda JC mei trije spitsen en hoppakee. En doe krige hy dêr in soad krityk. Mar ik tink wol dat hy saakliker wurden is."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
We lizze De Haan ek de fraach foar wa't hy kieze soe. Wat no as hy sels beslisse mocht? "Dat is foar my in ûnmooglike taak. Dan moatte je mei se sitte en mei se prate. As it hielendal leech is, sil ik mar sizze, dan soe ik sizze Ruud van Nistelrooij. As hy it sels wol, krijt hy myn applaus. Dat soe fantastysk wêze."
Ik fyn seis ton ek wol in hiel soad.
Foppe de Haan oer de komst fan Thom Haye
We prate ek mei De Haan oer de komst fan de nije spilers. Sa ek oer Thom Haye, dy't oerkomt fan NAC Breda. "Je ha ferlike mei Joey Veerman wol enoarm ynlevere oan kwaliteit."
"Haye moat it noch bewize eins. Ik ha lêst in wedstriid fan him sjoen tsjin PEC Zwolle. Doe fûn ik him wol aardich spyljen. Fysyk tocht ik der mankearret noch wol wat oan. Hy hat wol in goed idee fan wat der op it fjild gebeurt. Mar oan him moat ek noch wat oan sleutele wurde. Wylst hy hast 27 jier is."
Hearrenfean betellet sa'n 600.000 euro foar Haye. Tsjin dat bedrach hikket De Haan eins ek wol wat oan. "Ik fyn seis ton wol in hiele soad jild, mar soms is der ek gjin alternatyf."