Hûnderten deade guozzen oanspield troch it stoarmwaar by de Waadseekust

Troch it heechwetter en de stoarmwyn spiele in soad deade bisten oan de Waadseekust tusken Holwert en Hallum oan. Meiwurkers fan Wetterskip Fyslân binne dwaande mei in opromaksje.
© CAMJO media
Der lizze in soad pauguozzen, mar ek in jonge seehûn en deade hazzen. Der spielt ek in soad ôffal oan. De fûgels binne nei alle gedachten deagien oan de fûgelgryp, dy't noch steeds bot taslacht oan de Waadseekust. Troch it hege wetter wurde de bisten de dyk op treaun.
"Wij constateren dat er meer vogels dan normaal aanspoelen", seit Peter Lieverdink fan Wetterskip Fryslân. "Het gaat met name om de delen met kwelders, zoals bij Zwarte Haan en de Groene Dijk."
Peter Lieverdink fan Wetterskip Fryslân
Lieverdink doart noch net mei wissichheid te sizzen oft it echt fûgelgrypslachtoffers binne, mar seit wol: "We adviseren wel om weg te blijven bij het vloedmerk en de dode dieren niet aan te raken."
Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân binne mei trekkers dwaande om de wei efter de dyk skjin te meitsjen. Letter folget de dyk noch.