Liveblog | 31 jannewaris 2022

Coronanijs fan 31 jannewaris: langduorjende covid is 'stille ramp'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne moandei 1.015 nije coronabesmettingen meld;
  • Goed 1,3 miljoen positive coronatests yn jannewaris;
  • Eksperts tsjin Twadde Keamer: langduorjende covid is stille ramp;
  • Groanyske coronaklachten faak as 'psychysk' diagnostisearre;
  • Belange-organisaasjes wolle ûntslach by long covid foarkomme;
  • 37 nije coronagefallen by Olympyske Spelen, gjin Nederlanners.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 31 jannewaris 2022, 22:24
22:22

Ein fan dit liveblog

Hjirmei slute we it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
20:44

Goed 56 miljoen ekstra coronastipe foar kultuersektor

It kabinet lûkt nochris 56,5 miljoen euro út foar coronastipe oan de kultuersektor, lit steatssekretaris Gunay Uslu (Cultuur en Media) moandei witte. It jild is beskikber foar de perioade fan 1 febrewaris oant en mei 8 maart en komt boppe-op de eardere 195 miljoen euro stipe.
Der komt 40 miljoen ekstra by foar de saneamde "suppletieregeling", wêrmei't oant 85 prosint fan de tickets foar foarstellingen opkocht wurde kinne. Dy kinne dan ek trochgean as der net genôch publyk is. De oare 16,5 miljoen euro giet nei ynstellings yn de basisynfrastruktuer. Dit binne teäterselskippen, musea of orkesten dy't subsydzje krije.
Nettsjinsteande de resinte ferrommingen fan de coronamaatregels, jilde der noch hieltyd beheiningen yn de kultuersektor. Sa moat men binnen 1,5 meter ôfstân hâlde en mei yn sealen maksimaal ien tredde fan alle stuollen beset wêze. Ek moatte alle ynstellingen de doarren slute om 22.00 oere.
19:44

GGD kin testoanfraach dochs oan, kommersjele teststrjitten fernuvere

De kommersjele teststrjitten dy't op grutte skaal helpe soenen by it testen fan minsken mei klachten, binne neffens de GGD's dochs noch net nedich. "Op dit moment kunnen wij de huidige testaantallen aan", seit in wurdfierder fan GGD GHOR Nederlân tsjin de NOS.
Goed in wike lyn sleaten de GGD in oerienkomst mei Stichting Open Nederland foar ekstra testkapasiteit. Dy wie nedich trochdat de testfraach troch de besmetlikere omikronfariant gau tanimme soe.
Mar no seit de GGD dat de fraach nei tests foarearst hielendal net tanaam is en dat dy stykjen bliuwt om de 150.000 hinne deis. Dat oantal komt eksakt oerien mei de eigen GGD-kapasiteit. Ek yn de callcenters is it in stik rêstiger as ferline wike, seit in wurdfierder.
Hjir en dêr wurde minsken dy't in coronatest-ôfspraak besykje te meitsjen oars wol trochferwiisd nei kommersjele testlokaasjes, mar it giet om lytse oantallen by regionale piken yn de testfraach.
De GGD slút it útbesteegjen fan mear tests op in letter momint net út. "Voor het moment dat vanwege de versoepelingen de testvraag weer toeneemt, zijn we bezig met het optimaliseren van de doorverwijzingen naar commerciële testaanbieders."
18:02

Eksperts warskôgje foar gefolgen 'stille ramp' langduorjende covid

Undersikers en pasjinteorganisaasjes neame it in "stille ramp": in soad minsken dy't besmet binne mei it coronafirus hawwe moannen letter noch altyd klachten. Dy binne betiden sa slim dat it libben fan de pasjint sa sawat ta stilstân komt, hearden Twadde Keamerleden moandei fan ferskate (ûnderfinings-)saakkundigen.
'Ien op de acht'
Ek minsken dy't net sa siik wurde fan in coronabesmetting, kinne troffen wurde troch langduorjende covid. Hoefolle minsken oft langduorjende covid hawwe, is net krekt bekend. Heechlearaar psychosomatyk Rosmalen fan it UMC Grins stelt op basis fan eigen ûndersyk dat ien op de acht minsken nei in coronabesmetting moannen letter noch hieltyd lêst hat. Se basearret dy ynskatting op grutskalich befolkingsûndersyk, dat al rûn foardat de pandemy útbruts. Tsientûzenen minsken folje geregeld fragelisten oer harren sûnens yn.
It ûntbrekt noch altyd oan lanlike behannelrjochtlinen foar de groep mei langduorjende corona Dy wurde ein maart ferwachte.
17:44

Hoareka en sealen wer iepen: 334.000 testôfspraken yn earste wike

Yn de ôfrûne wike, doe't ek hoareka, musea, ferdivedaasjeparken, bistetunen en teäters (dy lêste oant 22:00 oere) wer iepen mochten, binne der 334.000 ôfspraken boekt foar Testen voor Toegang.
De drokste dei wie sneon mei sa 'n 79.000 testôfspraken, neffens de organisaasje. De grutste groep (38 persint) boekte in test om't de minsken nei it kafee of restaurant woene.
Earste konsert nei de lockdown yn de Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
17:34

Besmettingen op middelbere skoalle Wolvegea

It Lindecollege yn Wolvegea meldt dat moandei 29 learlingen en 3 meiwurkers posityf test binne op corona. De GGD doet tegearre mei âlden in boarne- en kontaktûndersyk. Salang't der gjin klachten binne, is karantêne net needsaaklik. Wol wurdt advisearre alle dagen oant fiif dagen nei in nau kontakt in selstest ôf te nimmen.
It is en bliuwt tige wichtich dat learlingen en meiwurkers by klachten út foarsoarch thúsbliuwe en harren teste litte, sa skriuwt de skoalle.