Struik makket kâns op priis

22 nov 2011 - 14:05

Pieter Jan Struik fan Ateliers Majeur op It Hearrenfean makket kâns op de Combinatiefunctionaris Stimuleringsprijs. Dy wurdt útrikt troch de feriening Sport en Gemeenten. Struik is nominearre yn de kategory kultuer en hy hat dêr ien tsjinstanner. Ek meitsje twa minsken kâns op it winnen fan in priis yn de kategory sport.

De nominearren moatte har op 8 desimber presintearje by in kennisdei foar kombinaasjefunksjonarissen yn Amsterdam. De besikers meitjse dan út wa't de priis fan 2500 euro wint. In kombinaasjefunksjonaris moat bern yn kontakt bringe mei sport en kultuer.

Trefwurden: 
Pieter Jan Struik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)