Bentveld twadde by WK fjildriden yn Fayetteville

Leonie Bentveld is twadde wurden by de junioaren op it WK fjildriden yn it Amerikaanske Fayetteville. Bentveld wie ien fan de titelfavoriten.
Leonie Bentveld © Team Leonie Beltveld
De oerwinning wie foar de Britske Zoë Bäckstedt. Sy ried sawat de hiele wedstriid allinnich foaroan. Bentveld kaam mei in efterstân fan 32 sekonden op Bäckstedt oer de einstreek.
Bentveld pakte earder dizze moanne wol de oerwinning yn it wrâldbekerklassemint. Dat hie lykwols ek te krijen mei it feit dat Bäckstedt de lêste wrâldbekerwedstriid misse moast troch in coronabesmetting.