Nicht komt nei bûten mei unike foto's en aansichtkaart fan Abe Lenstra

Noch noait hat se it sjen litten, mar de 96-jierige Hennie Bergsma hat ferskate foto's en oare oantinkens fan har neef: de grutte fuotballer Abe Lenstra.
Ald materiaal fan Abe Lenstra opdûkt:
Bygelyks in foto út 1923. "Ik fyn it altyd sa'n moaie foto, fan it broerke dy't eins in bytsje beskerming siket by syn grutte broer", sa fertelt se oer de foto dêr't Jan en Abe Lenstra (2 jier) op steane.
Njonken dizze foto's is Abe Lenstra ek te sjen yn it resepsjeboek fan de brulloft fan Hennie Bergsma en har man Niek Boogaard. De fuotballer wie nammentlik de tsjûge fan syn nicht. Op in foto is te sjen hoe't hy de trouakte ûndertekenet en der is in foto fan Abe mei syn frou Hiltje.
Abe en Jan Lenstra © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Grutsk is se ek op in aansichtkaart út Lúksemboarch. Abe wie dêr op in fuotbalkamp. Bergsma woe graach in kaart en dy krige se ek. De tekst dy't hy dêr op skreaun: 'Abe'. Skriuwe koe hy wol, sa is te sjen yn it poesyalbum.
It wie gjin fuotballer, it wie Abe.
Hennie Bergsma oer Abe Lenstra
Ek hat se twa kranten bewarre: ien út 1977 en ien út 1982. Yn die lêste giet it oer 'Het Heerenveense voetbalwonder'. Sa sjocht Bergsma lykwols net nei har neef. "It bliuwt gewoan myn neef. Tsjin oare fuotballers, lykas Kick Smit en Leen Vente, seagen je op. Dat wie by Abe net sa. It wie gjin fuotballer, it wie Abe."
Mar mei Abe fuotbalje die se grif. Doe't se lyts wienen, waard oeral fuotballe. Op strjitte, yn 'e tún en sa no en dan ek stikem yn 'e hûs. "We fuotballen altyd yn de tún yn de Compagnonstrjitte. Dêr haw ik koppen leard fan Abe. Ik moast mei de foarholle koppe, want dan koene je de bal rjochting jaan", sa fertelt Bergsma.