De sportskoallen wienen in skoft ticht, mar Franke Bangma en syn beide soannen komme wol oan harren beweging ta. Se binne mei dit moaie waar oan it houthakken en houwe der yn Sleat lekker op los.