John de Mol giet yn petear mei Fier oer misstannen by The Voice

Mediamagnaat John de Mol giet yn op de útnûging fan behannel- en ekspertizesintrum Fier om te praten oer misstannen by The Voice of Holland.
De Veilige Veste fan Fier! Fryslân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De útnûging dy't begjin dizze wike ferstjoerd waard, is fuort akseptearre troch De Mol. Dat wie ek de hoop fan Willemijn van Dam fan Fier: "Ik bin hiel bliid mei dizze reaksje. We ha der seker sin oan om mei him it petear oan te gean."

Prate mei kliïnten

Se hoopje De Mol dúdlik te meitsjen wat de impact is fan wat der bard is: "Hy hat in hiel soad krityk krigen nei oanlieding fan it ynterview yn it programma BOOS. Wy wolle graach meitinke oer hoe't it oars kin."
Se tinke dat De Mol dêrfoar iepenstiet. "Dat hy prate wol, is in moaie earste stap", seit Van Dam. "It is ús ekspertize. We ha oanjûn dat it miskien goed is ris te praten mei de jonges en famkes dy't wy hjir as kliïnten ha. Om út harren mûle te hearren wat it docht."

Feiliger op de wurkflier

Se hoopje by Fier dan ek dat it feiliger wurdt op de wurkflier. Dat dúdliker wurdt hoe't je it better ynrjochtsje kinne sadat it net allinnich 'loze' wurden of protokollen binne, mar dat it echt feilich fielt foar eltsenien.
It is noch net bekend wannear't de besite plakhawwe sil.