Konvenant 'Weer Thuis' moat dak- en thúsleazen begeliede nei selsstannich wenjen

Gemeenten, wenningkorporaasjes en soarchoanbieders sille tenei mei-inoar minsken dy't dakleas binne of beskerme wenje, begeliede nei selsstannich wenjen. It is de bedoeling dat se in plak tusken oare minsken krije.
© Gemeente Ljouwert
De Fryske gemeenten, wenningkorporaasjes en soarchoanbieders ûndertekenen it konvenant Weer Thuis.

Der wurdt hjirfoar wol sjoen oft de minsken dêr't it om giet, hjir ferlet fan ha en oft buerten en wiken dêr't se te wenjen komme, dêr geskikt foar binne. Wenningkorporaasjes ha dêr alle jierren op syn meast trijehûndert huzen foar beskikber. De wenningkorporaasjes hâlde ek rekken mei oare minsken dy't in hús sykje en minsken dy't hiere wolle

It konvenant rint oant en mei 2025. Yn dizze perioade kinne oare partijen har oanslute by it konvenant.