Knechtewenten yn Wâldsein krije gemeentlike monumintestatus

De sân knechtewenten op it terrein fan sylskoalle Het Molenhuis yn Wâldsein krije de gemeentlike monumintestatus. Dêr hiene guon minsken út it doarp om frege.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De hûskes steane yn it doarp bekend as it Jelleshuis en hearre by it beskerme doarpsgesicht fan Wâldsein.
De sylskoalle wol de akkommodaasje opknappe en woe it Jelleshuis slope. No't it oanwiisd is as gemeentlik monumint kin dat net. De gemeente Súdwest-Fryslân wol mei de eigener fan de sylskoalle sjen hoe't er it Jelleshuis binnen de rjochtlinen takomstbestindich meitsje kin.