Mear as twatûzen nije coronabesmettingen yn Fryslân, nij deirekôr

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.003 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. De efterstân by it registrearjen fan positive coronagefallen is grut. It RIVM meldt net mear alle dagen hoe grut oft dy efterstân is.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hawwe al mear as in wike muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dêrtroch kinne de sifers bot skommelje. Tongersdei gie it om 1.654 besmettingen.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.402 besmettingen. Tongersdei lei it op 1.353 besmettingen, in wike lyn op 928.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om twa ynwenners fan Smellingerlân en ien ynwenner fan Weststellingwerf.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 74.085. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 61.105.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.