Fertochte yn saak Lisette Elzinga wurdt frijlitten yn ôfwachting fan proses

De 47-jierrige fertochte dy't tiisdei oanholden is foar belutsenheid by de dea fan de 26-jierrige Lisette Elzinga op It Hearrenfean, mei it proses yn frijheid ôfwachtsje. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke.
Argyfbyld fan de stille tocht dy't foar Lisette Elzinga organisearre waard © Omrop Fryslân
De man waard oppakt yn ferbân mei de dea fan Lisette Elzinga yn oktober ferline jier. De man wurdt fertocht fan dea troch skuld en in sedelikt by in oare frou, dy't ek oanwêzich wie doe't it ynsidint plakfûn.

Man bliuwt fertochte

De man wurdt nei ferhoar frijlitten. It ûndersyk giet fierder en de man bliuwt fertochte. "In Nederland geldt het uitgangspunt dat een verdachte het proces in vrijheid mag afwachten. Voorlopige hechtenis is slechts onder strikte voorwaarden mogelijk", jout it Iepenbier Ministearje oan.
Sokke betingsten soene bygelyks jilde as der in oantoanber risiko op werhelling is, in risiko op it behinderjen fan it plysje-ûndersyk of foar feiten dêr't minimaal tolve jier finzenisstraf op stiet en sprake is fan in saneamde skokte rjochtsoarder. Dat is yn dit gefal net sa, skriuwt it Iepenbier Ministearje.
De maksimale straf foar in sededelikt is acht jier en foar dea troch skuld twa jier, leit in wurdfierder fan it IM út. Op basis fan de wetlik fêststelde regels kin de fertochte dus net langer fêsthâlden wurde.