Renovaasje swimbad De Steense yn Wolvegea kostet 6 ton

De renovaasje fan swimbad De Steense yn Wolvegea sil 6 ton kostje. It sil barre yn twa fazen, en hâldt ûnder mear it opknappen fan de klaairomten yn en it ferbetterjen fan de tagong fan it swimbad.
© Shutterstock / Andrey Armyagov
De renovaasje fan de klaairomten stiet foar dit jier op de planning. Dêrneist wurdt it tegelwurk fan it swimbad ferfongen. De tegels ûnder wetter binne goed genôch om sitte te litten.
De glêzen doarren yn it swimbad wurde ek ferfongen, troch aluminium kezinen mei duorsum, trijedûbeld glês. Dizze earste faze yn de renovaasje fan it swimbad moat 443.000 euro kostje. Dat stiet yn de update fan de plannen oan de gemeenteried fan Weststellingwerf.
Yn 2023 sil de renovaasje fan it entreegebiet fan it swimbad en de beide sporthallen plakhawwe. De tagong en de foarsjenningen foar minsken mei in beheining wurde ek oanpakt. Sa komme der bredere doarren en in húske foar minderfaliden. Dizze faze kostet 162.000 euro.

'Toekomstperspectief'

De ynvestearringen moatte derfoar soargje dat it swimbad neffens it kolleezje wer foar langere tiid foarút kin. 'Dit geeft ons de tijd om een toekomstperspectief voor het complex te vormen', sa skriuwt it kolleezje.