De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Stuolle wêze"

"In bytsje foar de grap beane wy op in ynternetfeiling op twa stuollen, dêr't nimmen oars op like te bieden. De stuollen binne net perfoarst moai, binne eins frij grut en ûnhandich, mei stevige poaten en in klaptaffeltsje oan 'e leuning. Mar de brúnlearen sitten binne wol komfortabel en hawwe in ferhaal. En omdat nimmen oars bea, binne se no fan ús.
Underweis nei hûs, mei de stuollen krekt passend yn in liende stationwagon, fernaam ik dat it yn 'e auto nei sigaren rûkte. It duorre even oant ik troch hie wat ik rûkte: it ferhaal fan de stuollen, dy't út it eardere NAVO-haadkertier komme.
Alde foto's toane ús stuollen yn gebrûk yn it befeilige Brusselske pân. De swiere poaten fan de stuollen drage de swiere ûnderwerpen dy't de manlju yn pak of unifoarm meidrage. En no stean dy poaten oan de foet fan in terp op de Fryske klaai.
Draaiend oan de knop mei 23 kanalen wêrtroch't ea yn 23 ferskillende talen militêr-politike kwestjes klonken hawwe, besochten wy te gokken hokker fertsjintwurdigers fan hokker lannen yn ús stuollen sitten hawwe. Fielt dit as de ôfdruk fan in Let of fan in Belch? Is dit de sigarelucht fan in Amerikaan of fan in Poal?
Ik kom derachter dat ik eins net wit hokker lannen der op dit stuit by de NAVO sitte. Yn alle gefallen mear as 23, dêrom binne de stuollen fêst ferfongen. Wie Noard-Masedoanië net lid wurden? En wie dat it lêste lân, of binne der mear?
Dy fraach is ynienen relevanter as dat ik tinke koe doe't ik my, sittend op in NAVO-stoel, wat mear ferdjippe yn de gronology fan lidmaatskippen en de skiednis fan de relaasje mei net-lidsteaten. Myn each foel dêrby op it Partnerskip foar de Frede, in programma fan de NAVO rjochte op, en ik sitearje "befoardering fan it fertrouwen tusken de NAVO, de oare lannen yn Europa en de eardere Sovjet-Uny".
Ruslân, Oekraïne, Finlân, Sweden, mei elkoar sitte se yn dit pakt foar de frede mei de NAVO. Der is dus in mienskiplik útgongspunt. Soene de media dêr net wat mear oer fertelle kinne no't de relaasjes tusken Ruslân en de rest bekuolje en tagelyk hjit wurde? Soene se net wat mear eftergrûn en ynsjoch jaan kinne yn de skiednis fan de relaasjes, de driuwfearren en belangen oer en wer, yn stee fan benammen de tsjinstelling fierder oan te jeien troch te sprekken oer it frije westen fersus de oar?
It is net oan my om oer de NAVO of oer de Russyske polityk te oardieljen. Sterker noch, ik wol dat hielendal net. Mar ik kin dat ek net, ik wit der simpelwei te min fan, en ik tink dat dat jildt foar de measte Nederlanners. Ik leau net dat immen yn myn strjitte of yn myn famylje oait yn Oekraïne west hat of langer as in healoere mei in Rus praat hat. Wêrom der dan dochs sokke sterke opinys oer binne fassinearret my. De relatyf resinte skiednis kinne wy blykber net fan ús ôfskodzje en de tsjinstelling east en west sit earne ynprinte. Terjochte of ûnterjochte.
Sittend op de NAVO-stoel tink ik oan it nûmer Russians fan Sting út 1984. Mei klinkende folsinnen as "there is no monopoly on common sense on either side of the political fence" op de melody fan Prokofjev, fertelt Sting dat wy allegear rêden binne as bliken docht dat Russen likefolle fan harren bern hâlde as "wy". En dat is sa, beseft Sting by it tafallich sjen en hearren fan Russyske bernetelefyzje. Wy binne allegear minsken dy't it bêste wolle foar de takomst.
As ik in haadkantoar foar grutmachten en it partnerskip foar de frede ynrjochtsje meie soe, soe op de lûdskanalen njonken de oersetting fan arguminten ek Sting te hearren wêze. En tusken de swiere sitten sette ik hjir en dêr in bernestoel."