Fûns wol bewenners begeliede by subsydzjes foar lokale enerzjyprojekten

Lokale enerzjyprojekten op gong helpe, is de ynstek fan in nije finansiering fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy. Sy wolle bewenners helpe better harren eigen enerzjy op te wekken. Dy subsydzjes binne der wol, mar it mislearret gauris.
Dus moat der mear begelieding komme:
It Fûns Skjinne Enerzjy Fryslân (FSFE) fernimt dat in soad inisjativen no smoare. "Dy projekten wurde hieltyd grutter ek", seit Jan Willem Sietsma fan Ús Koöporaasje. Sy wurkje gear mei de provinsje en it FSFE om de finansiering te te ferlienen.
No kinne minsken oan de foarkant al mear jild oanfreegje. Sietsma: "It is dus net sa dat it jild jûn wurdt en dat minsken it dan sels mar útsykje moatte. Der komt in adviseur by dy't harren dêrnei stipet om alle papieren yn oarder te krijen."
Jan Willem Sietsma fan Ús Koöporaasje oer de subsydzje
De doarpsmûne fan Tsjom is ien fan de foarbylden dy't mei de subsydzje fan de grûn komt. In mûne moat in part fan it doarp aanst fan stroom foarsjen. De fuotbalklup kin bygelyks mei de mûne enerzjyneutraal wurde.
Toen we bijna klaar waren, was de vergunning alweer komen te vervallen.
Govert Geldof
Govert Geldof is al jierren oan de gong om de subsydzje foar it projekt rûn te krijen, mar dat is in grutte stap. "Het nare is dat de subsidies en de regels ook constant veranderen. Zo hadden we bijvoorbeeld een vergunning gekregen, maar toen we alles uit wilden werken duurde dat te lang. Toen we bijna klaar waren, was de vergunning alweer komen te vervallen."
Govert Geldof oer de subsydzje en de mûne fan Tsjom
Der kin tusken de 25.000 en 180.000 euro foar in projekt oanfrege wurde. Yn totaal is der trije miljoen euro beskikber.
"Dat jild is net allinnich mear foar enerzjyprojekten oer bygelyks wyn en sinne", seit deputearre Sietske Poepjes. "Mar der kin ek nei oare dingen sjoen wurde, sa as akwatermy. Dat is in manier fan enerzjy meitsje dy't hieltyd mear brûkt wurde sil."

Stroom bewarje

Der kin ek in batterij oanfrege wurde. Dat is wêr't netbehearder Liander ek op hopet. Mei sa'n batterij kin de opwekke stroom bewarre wurde foar in momint dat de sinne bygelyks net skynt en de sinnepanielen even neat kinne. Neffens Liander ha subsydzjes op sokke batterijen op it stuit mear doel as geunstige regelingen foar sinnepanielen.
Poepjes: "De stroom kin wol makke wurde, mar dat moat ek noch allegear ferwurke wurde. Foar Liander is dat somtiden in drege put, want it enerzjynet is al sa fol. Mar mei sa'n batterij kinst dat op dyn eigen manier ferwurkje. Dizze finansiering is dus mear as allinnich mar de basis."